Misdie

Ut Wikipedy

In misdie of misdied is in algemiene term foar it brekken fan 'e wet . As men derby trappearre wurdt, kin dat liede ta jins arrestaasje troch de plysje en jins feroardieling troch in rjochter . Immen dy't in misdie begiet is in misdiediger of in krimineel (fan it Latynske criminalis , in ferbuging fan crimen , "misdie"). De term 'misdie' kin rom definiearre wurde as in strafber feit of in delikt , mar ferskilt fan lan ta lan justjes yn 'e presize betsjutting. Hoewol't 'misdie' gauris trochinoar helle wurdt mei ' misdriuw ', is dat leste yn it Nederlanske strafrjocht eins spesifyk in relatyf swier strafber feit. Yn Nederlan wurdt 'misdie' sunt 1886 net mear as juridyske term brukt, mar yn bygelyks Belgje is dat noch wol it gefal. De term 'de misdie' wurdt fierders ek as synonym foar kriminaliteit brukt. De tuke fan 'e wittenskip dy't undersyk nei misdieden en misdiedigers docht, is de kriminology .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .