한국   대만   중국   일본 
Mingtaal - Wikipedy Springe nei ynhald

Mingtaal

Ut Wikipedy

In mingtaal is in taal dy't fuortkomt ut it ferranen fan meastal twa, mar yn seldsume gefallen mear as twa boarnetalen. Dit proses is yn 'e regel it gefolch fan in sitewaasje fan twataligens werby't de sprekkers oarspronklik beide talen floeiend prate. Faak is it sa dat de mingtaal yn sa'n taalmienskip uteinlik ien fan 'e (of beide) boarnetalen folslein ferfangt. It untstean fan mingtalen komt fral foar yn isolearre taalmienskippen, yn West-Jeropa fral by groepen Roma en wenweinbewenners . Ek it Biltsk , dat untstien is troch de ferminging fan Frysk mei it oarspronklike Sudhollansk fan 'e (yn Fryslan fan oare Hollansktaligen isolearre) Bilkerts, is in mingtaal.

Trochdat se de eigenskippen fan beide boarnetalen hawwe, kinne mingtalen faak noch as in foarm fan 'e iene, noch as in foarm fan 'e oare taal klassifisearre wurde. Bygelyks it Anglo-Romany , dat in ferminging is fan it Ingelsk mei it Romany fan 'e Roma, is dudlik gjin Yndo-Aryske taal mear (lykas it Romany), mar klassifikaasje as in Germaanske taal (lykas it Ingelsk) is ek twifelich. It proses dat liedt ta it untstean fan in mingtaal is frij seldsum, en kin ek it untstean fan in nije etnyske groep ta gefolch hawwe.

Mingtalen moatte net betize wurde mei pidgins en kreoalske talen . In pidgin is in taal mei in sterk ferienfaldige grammatikale struktuer en in beheind leksikon , dy't troch nimmen as memmetaal sprutsen wurdt, mar untstiet as de leden fan twa underling unfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sunder dat se derby har taflecht nimme kinne ta in trede taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, werby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. By it untstean fan mingtalen is fan sa'n ferienfaldiging lykwols gjin sprake, mei't de sprekkers beide boarnetalen floeiend behearskje. In kreoalske taal is in pidgintaal dy't sa wichtich wurdt dat er memmetaalsprekkers kriget, wat wer in taname fan kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat ta gefolch hat.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .