한국   대만   중국   일본 
Minderheid - Wikipedy Springe nei ynhald

Minderheid

Ut Wikipedy

In minderheid is in groep minsken dy't op 'e iene of oare manear ofwike fan 'e numerike maatskiplike mearderheid yn in lan . By minderheden kin it gean om lju fan in ofwikend ras of in ofwikende etnisiteit , taal , godstsjinst , kaste , ekonomyske klasse , sekse , seksuele oriintaasje of sunens . As men sprekt fan 'seksuele minderheden', dan giet it om froulju en/of homo -, bi - en transseksuelen en lesbiennes . As men it hat oer in 'minderheid' sunder neiere oantsjutting, dan giet it ornaris om in etnyske minderheid, dy't faak ek in taalminderheid en/of in godstsjinstige minderheid is.

Under etnyske minderheden underskiedt men autochtoane minderheden, dy't lanseigen binne yn it gebiet of lan der't se wenje, en allochtoane minderheden, dy't oarspronklik ut in oar gebiet of lan komme. De Westerlauwerske Friezen binne in autochtoane etnyske minderheid yn Nederlan . Men soe lykwols ek sizze kinne: Westerlauwerske Friezen binne autochtoan yn Fryslan , mar allochtoan yn bygelyks Amsterdam . De term 'allochtoan' is lykwols yn 'e regel foarbeholden oan minderheden fan utlanske oarsprong, lykas yn Nederlan: Molukkers , Turken , Marokkanen , Surinamers , Antiljanen , ensfh.

De term 'minderheid' komt gauris op 't aljemint yn in diskusje oer minskerjochten en minderheidsrjochten , mei't de leden fan in minderheid troch de leden fan 'e mearderheid en/of troch de autoriteiten fan in lan faak oars behannele wurde as de leden fan dy mearderheid. Dat ferskynsel hjit diskriminaasje , of, as it om in rasiale minderheid giet, rasisme . It begjint al mei it feit dat leden fan taalminderheden faak achte wurde har te ferbrekken yn 'e kommunikaasje mei oerheidsynstansjes. It rjocht om harren memmetaal te sprekken wurdt har dan untnommen. Yn Fryslan is troch taal aktivisten lang krewearre om it Frysk in lykweardige posysje oan it Nederlansk te jaan. In ferneamde mylpeal op dat paad wie Kneppelfreed .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .