한국   대만   중국   일본 
Milo Moire - Wikipedy Springe nei ynhald

Milo Moire

Ut Wikipedy
Milo Moire
keunstner
persoanlike bysunderheden
echte namme Sue Pruzina [1]
nasjonaliteit Switsersk
berne 1983
berteplak yn Switserlan
etnisiteit Slowaaksk
Spaansk
wurkpaad
wurksum as byldzjend keunstneresse
medium eigen lichem
bekendste
  wurk(en)
PlopEgg No. 1
The Script System No. 2
jierren aktyf 2007 ? no
offisjele webside
www.milomoire.com

Milo Moire , wier namme : Sue Pruzina [1] ( Switserlan , 1983 ), is in Switsersk keunstneresse fan mingd Slowaaksk en Spaansk etnysk komof, dy't yn Luzern [1] wennet. Hja is ferneamd (of berucht) om har neakene optredens en om't se har eigen lichem as medium foar har keunst brukt. Neffens har biedt dat de sjogger in autentike en streekrjochte underfining fan keunst.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Moire waard yn 1983 berne yn Switserlan ut alden dy't fan Slowaaksk en Spaansk etnysk komof wiene. Hja hat keunst studearre en is yn it besit fan in bachelorstitel yn 'e psychology dy't se helle oan 'e Universiteit fan Bern . Yn 2004 wurke se as model (dy't in kofferke mei jild festhold) yn (de Dutske ferzje fan) de kwis Deal or No Deal . Yn 2005 die se mei oan in skientmewedstryd en wun de titel 'Miss Bodensee '. [1]

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 2007 of ynkorporearre Moire har eigen neakenens yn har keunst . Hja kaam foar it earst breder yn it nijs mei har keunstwurk PlopEgg No. 1 , dat se yn 2014 utfierde op 'e tentoanstelling Art Cologne , yn Keulen . Derby dreau se mei ferve folle aaien ut har fagina op in kanvas dat neitiid dubel teard waard om sa in abstrakt keunstwurk te meitsjen.

Yn juny 2014 reizge Moire as underdiel fan har wurk The Script System No. 2 mei it iepenbier ferfier fan har wenplak Dusseldorf nei it Switserske Basel , der't de tentoanstelling Art Basel holden waard. By dy reis wie Moire hielendal neaken, mar hie se foarof mei swarte ferve de nammen fan stikken klean ("broek", "beha", "topke", ensfh.) op 'e tapaslike lichemsdielen skriuwe litten. Yn Basel oankommen waard har lykwols de tagong ta de tentoanstelling wegere, en wie se twongen om har oan te klaaien ear't se deryn koe.

Moire hat harsels mei opsetsin op it reitsflak fan keunst en pornografy pleatst, mei fideo's op har webside dy't se sels omskriuwt as "unsinsurearre", en dy't men tsjin betelling besjen kin. Hja liket aktyf te sykjen nei sinsuer fan 'e tradisjonele keunstkanalen (lykas musea en tillefyzje ). Neffens har eigen sizzen, fynt Moire dat keunst gjin grinzen heart te kennen. Sadwaande is de dea de iennichste grins dy't hja akseptearret. Moire har optredens hawwe in protte krityk oproppen, net inkeld fan skokte museumbesikers, mar ek fan 'e keunstkritisy , fan wa't ien har wurk yn 'e Britske krante The Independent omskreau as " it jongste wanhopige besykjen om te shockearjen yn 'e namme fan 'e keunst. "

Yn 2015 waard Moire oppakt troch de Franske plysje en brocht se in nacht yn 'e sel troch, doe't se neaken mei toeristen by de Eiffeltoer posearre foar selfys . Yn jannewaris 2016 hold se solo in neaken protest yn Keulen tsjin 'e massale seksuele oantaasting fan Dutske froulju yn 'e aldjiersnacht troch allochtoane manlju .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Moire wennet yn it Dutske Dusseldorf mei har libbenspartner, de fotograaf Peter Palm (berne as P.H. Hergarten), dy't gauris meiwurket oan har keunstprojekten.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Avanzini, Jana , Wer die nackte Luzernerin wirklich ist

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .