Militere rang

Ut Wikipedy

In militere rang tsjinnet yn in militere organisaasje ta oantsjutting fan it nivo dat in persoan beset yn it ramt fan 'e hierargyske opbou fan sa'n organisaasje. Dermei definiearret sa'n rang de underlinge relaasje fan leden fan deselde militere organisaasje. It systeem fan rangen wurdt de kommandostruktuer neamd. By sokke organisaasjes giet it almeast om 'e kriichsmacht , mar ek de plysje en feilichheidstsjinsten hawwe sa'n selde stelsel fan rangen. Yn 'e regel drage de leden fan sokke organisaasjes unifoarmen der't harren rang op oanjun wurdt mei beskate emblemen dy't foar dat doel untwurpen binne, en meastal tafoege wurde oan 'e epauletten , de mouwen en/of de kraach .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stelsels fan militere rangen besteane al tuzenen jierren, mei't legers der eins net sunder kinne. Yn 'e Westerske beskaving giet soks teminsten werom oant 500 f.Kr., doe't de alde Griken al rangen hiene. It wurd 'rang' komt fan it Perzyske wurd ???, rang , dat "kleur" betsjut, mei't yn it leger fan it Sassanidyske Ryk de ferskillende rangen ferskillende kleuren unifoarmen droegen. Neigeraden dat militere operaasjes almar grutskaliger en yngewikkelder waarden, kamen der ek hieltyd mear underskate militere rangen yn gebruk.

Hoewol't de hjoeddeiske kriichsmachten faak systemen fan militere rangen hantearje dy't justjes faninoar ferskille (wat soms ek te meitsjen hat mei in underskie yn taal , kultuer of politike oriintaasje ), is it gebruk fan militere rangen no frijwol universeel. Yn 'e tweintichste iuw besochten guon kommunistyske steaten ut politike omtinkens de rangen of te skaffen (bgl. it Reade Leger fan 'e Sovjet-Uny fan 1918 - 1935 , it Sineeske Folksbefrijingsleger fan 1965 - 1988 en it Albaneeske leger fan 1966 - 1991 ), mar dy wiene twongen om se wer yn te fieren nei't se oanrun wiene tsjin operasjonele swierrichheden.

Skematysk oersjoch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oersjoch fan 'e meast foarkommende militere rangen:

lanmacht
en mariniers
marine loftmacht
opperofsieren
maarskalk
of fjildmaarskalk
of generaal fan it leger
grutadmiraal
of admiraal fan de float
maarskalk fan de loftmacht
generaal admiraal
of luitenant-admiraal
generaal
of opperloftmaarskalk
luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal
of loftmaarskalk
generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar
of fise-loftmaarskalk
brigadegeneraal kommandeur commodore
haadofsieren
kolonel kaptein-op-see kolonel
of groepskaptein
luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel
of wing commander
majoar luitenant-op-see 1e klasse majoar
of squadron leader
subalterne ofsieren
kaptein luitenant-op-see 2e klasse kaptein
of flechtluitenant
earste luitenant earste luitenant
of flechtofsier
twadde luitenant luitenant-op-see 3e klasse twadde luitenant
of piloat-ofsier
faandrich
of kornet 1
faandrich
kapelmaster
underofsieren
adjudant adjudant adjudant
sersjant-majoar
of opperwachtmaster 1
sersjant-majoar sersjant-majoar
sersjant 1e klasse
of wachtmaster 1e klasse 1
sersjant sersjant 1e klasse
sersjant
of wachtmaster 1
sersjant
korporaals
korporaal 1e klasse korporaal korporaal 1e klasse
korporaal korporaal
manskippen
soldaat 1e klasse
of marinier 1e klasse 2
matroas 1e klasse soldaat 1e klasse
soldaat 2e klasse
of marinier 2e klasse 2
matroas 2e klasse soldaat 2e klasse
soldaat 3e klasse
of marinier 3e klasse 2
matroas 3e klasse soldaat 3e klasse

1 ) by de artillery en de kavalery
2 ) by de mariniers

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .