한국   대만   중국   일본 
Mike Shepherd - Wikipedy Springe nei ynhald

Mike Shepherd

Ut Wikipedy
Mike Shepherd
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Mike Moscoe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 augustus 1947
berteplak Philadelphia ( Pennsylvania )
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
bekendste
  wurk(en)
Kris Longknife -searje
Vicki Peterwald -searje
utjouwer Ace Books
jierren aktyf 1996 ? no
offisjele webside
www.mikeshepherd.org

Mike Shepherd ( pseudonym fan Mike Moscoe ; Philadelphia ( Pennsylvania ), 2 augustus 1947 ), is in Amerikaansk skriuwer fan science fiction - boeken , dy't al jierren yn Vancouver , yn 'e steat Washington wennet. Hy komt ut in marinefamylje en wurke lang foar de Amerikaanske oerheid. Pas djip yn syn middeljierren sette Shepherd utein mei in karriere as skriuwer, en nei in falske start doe't er under syn eigen namme skreau, briek er yn 2004 troch under in pseudonym , mei de Kris Longknife -rige .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mike Shepherd waard yn 1947 berne yn Philadelphia , yn 'e steat Pennsylvania . Hy komt ut in famylje dy't nauwe bannen hat mei de Amerikaanske Marine , en ferhuze en reizge sadwaande as bern al in soad. Pas op 'e middelbere skoalle makke er foar it earst in skoaljier of op deselde skoalle der't er it begun wie. As folwoeksene wurke Shepherd as barkeeper , taksysjauffeur , personielsadviseur en fakbunsunderhanneler . Uteinlik krige er in baan by de Amerikaanske oerheid , as kompjutereksper en untwerper fan databases oangeande bedrige bistesoarten yn it Amerikaanske Noardwesten .

Yn maart 1991 publisearre er syn earste proaza , in koart ferhaal mei de titel Summer Hopes, Winter Dreams , yn it tydskrift Analog Magazine . Fiif jier letter, yn 1996 , kaam syn earste roman First Dawn ut, folge troch Second Fire yn 1997 en Lost Days yn 1998 . Fan dy trije boeken, dy't mei-inoar de Lost Millennium -trilogy foarmje, waarden yn totaal justjes mear as 20.000 eksimplaren ferkocht, wat tige teloarstellende ferkeapsifers binne foar de Ingelsktalige merk. Syn utjouwer rette him doe oan om fan (sub)sjenre te feroarjen, en tenei militere science fiction te skriuwen. Shepherd syn folgjende trilogy , The First Casualty ( 1999 ), The Price of Peace ( 2000 ) en They Also Serve ( 2001 ), die it better, mei 10.000 ferkochte eksimplaren per boek, mar noch altyd minder goed as dat er hope hie. Wol waard Shepherd yn 2000 nominearre foar in prestizjeuze Nebula Award foar syn ferhaal A Day's Work on the Moon .

Om mei syn folgjende rige mei in skjinne lei te begjinnen, naam er doe, op 'e nij op oanrieden fan syn utjouwer, it pseudonym Mike Shepherd oan. Under dy namme kaam yn 2004 it earste diel fan 'e Kris Longknife -searje ut, Kris Longknife: Mutineer . Dermei hie Shepherd fuortendaliks folle grutter sukses as mei syn eardere boeken. De searje rint noch altyd, en der wiene begjin 2020 njoggentjin romans yn ferskynd. De Kris Longknife -boeken binne science fiction -wurken dy't yn 'e fiere takomst spylje, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat. Se ferhelje oer de aventoeren fan de jonge (romte)marinekadet Kris Longknife, de dochter fan ien fan 'e rykste en meast foaroansteande famyljes ut it hiele minsklike hielal , oer har persoanlike wrakseling mei de ferwachtings fan har famylje en oer har striid tsjin in ferskaat oan fijannen, fan minsklike ymperialisten en piraten oant butenierdske smjunten . Resinsinte Liz Bourke kwalifisearre de Kris Longknife -rige yn in boekbesprek op 'e webside fan Tor Books as "yntellektueel lichtgewicht", mar "kleverich fermaaklik". Njonken de romans ferskynden yn 'e foarm fan e-boeken in stikmannich novelles en koarte ferhalen oer Kris Longknife, der't Shepherd ferskate lytse leechtes yn 'e ferhaalstruktuer fan 'e rige mei opfolle. Yn 2014 gie boppedat in spin-off -rige fan start dy't draait om in oare miljardersdochter, Kris Longknife har rivale Vicky Peterwald.

Mike Shepherd, dy't no mei pinsjoen is, wennet mei syn frou Ellen yn 'e sted Vancouver , yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Washington , dat in foarsted fan Portland , yn Oregon is. Der is er deunby syn dochter en pakesizzers , en besteget er syn tiid oan lezen , skriuwen , deidreamen, boartsjen mei syn pakesizzers en ompielen mei syn kompjuter . Syn boeken binne underwilens utkommen yn oersettings yn it Japansk , Dutsk , Poalsk en Spaansk .

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fiksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • de Lost Millennium -trilogy (skreaun as Mike Moscoe)
    • 1996 ? First Dawn
    • 1997 ? Second Fire
    • 1998 ? Lost Days
  • oar wurk
    • romans en novelles
      • 2004 ? Patriot's Stand (in Battle Tech -roman; skreaun under de namme fan Mike Shepherd)
      • 2022 ? The South Shall Rise Again
    • ferhalebondels
      • 2011 ? A Day's Work on the Moon: A Collection of Short Stories (ferhalebondel; skreaun under de nammen fan Mike Shepherd en Mike Moscoe)
      • 2012 ? The Job Interview: A Collection of Short Stories (ferhalebondel, skreaun under de nammen fan Mike Shepherd en Mike Moscoe)
      • 2012 ? The Strange Redemption of Sister Mary Ann: A Collection of Short Stories (ferhalebondel, skreaun under de nammen fan Mike Shepherd en Mike Moscoe)

Non-fiksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 2020 ? Writing with Mike Shepherd

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2000 Nebula Award nominearre beste koarte novelle A Day's Work on the Moon

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, About the Author , yn: Shepherd, Mike, Kris Longknife: Relentless , New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 52 901 , s. 371.

Foar oare boarnen, sjoch under: References , op dizze side .