Michelle Pfeiffer
(
Santa Ana
(
Kalifornje
),
29 april
1958
) is in
Amerikaanske
filmaktrise.
Michelle Pfeiffer briek troch yn
Hollywood
mei de
musical
Grease 2
(
1982
). In jier letter wie hja te sjen as drugsferslaafde frou fan
Al Pacino
yn
Scarface
(
1983
). Ein jierren '80 krige hja yn fjouwer jier tiid leafst trije oscarnominaasjes foar har rollen yn
Dangerous Liaisons
(
1988
),
The Fabulous Baker Boys
(
1989
) en
Love Field
(
1992
). Yn 1992 waard Pfeiffer tige wurdearre om har rol fan
Catwoman
yn
Batman Returns
. De jierren '80 binne de besten fan har karriere west.
Ek yn de jierren '90 levere sy hieltyd ridlike films wer't de populere filmhit
Dangerous Minds
(
1995
) under wie. Letter wie hja noch te sjen neist
Harrison Ford
yn
What Lies Beneath
(
2000
), mei
Sean Penn
yn
I am Sam
(
2001
) en neist Alison Lohman yn
White Oleander
(
2002
). Ta har beste wurk wurde fierders rekkene de
Witches of Eastwick
(
1987
),
Married to the Mob
(
1988
),
Frankie and Johnny
(
1991
) en
Martin Scorseses
The Age of Innocence
(
1993
).
Yn 2007 kaam hja hielendal werom, twa kear as in min frommes yn "Hairspray", neist
John Travolta
en yn "Stardust" as in 5000 jier alde hekse, dy't ivich jong winsket te bliuwen en yn "I could never be your woman".
Har nijste film
Cheri
(nei in book fan de Franske skriuwster
Colette
) is yn premiere gien yn febrewaris 2009 op it
Film Festival Berlyn
.
Pfeiffer hat troud west mei Peter Horton (1981-1988) en sunt 1993 troud mei skriuwer/produsint foar telefyzje David E. Kelly; se hawwe twa bern, Claudia Rose (1993) en John Henry (1994), adoptearre en eigen. Tuskentiids hie Pfeiffer noch in trijejierrige ferhalding mei Fisher Stevens.
Op
6 augustus
2007
krige Michelle Pfeiffer in stjer op de ferneamde Hollywood Walk of Fame.