Megan Fox
|
akteur
|
|
Megan Fox (2010)
|
persoanlike bysunderheden
|
echte namme
|
Megan Denise Fox
|
nasjonaliteit
|
Amerikaansk
|
berne
|
16 maaie
1986
|
berteplak
|
Rockwood
|
jierren aktyf
|
2001
-No
|
Megan Denise Fox
(
16 maaie
1986
yn
Rockwood
,
Tennessee
) is in
Amerikaansk
aktrise
,
fotomodel
en
sekssymboal
.
Megan Fox har foaralden kamen fan
Ierlan
, fan
Frankryk
en guon wiene Noard-Amerikaanske
yndianen
.
[1]
Megan en har tolve jier aldere suster waarden grut yn wat earmoedige omstannichheden. Har mem en styfheit fun se tige strang.
[2]
Mei fiif jier krige hja al toaniel- en dunsles en mei san jier bedarre se yn
Florida
der't se har skoalle ofmakke. Yn 1999 die hja mei oan ferskillende talintejachten, under oaren oan de
American Modeling and Talent Convention
yn Hilton Head Island (
Sud Karolina
).
Fox makke har filmdebut yn 2001 yn
Holliday in the Sun
. Rillegau folgen rollen yn
Sitcoms
sa as
Two and a Half Men
en
Hallo Holly
. Yn de film
Confession of a Teenage Drama Queen
(2004) is se neist
Lindsay Lohan
te sjen. By it grutte publyk waard hja earst bekend mei de film
Transformers
(2007). Deryn spilet se de freondinne fan
Shia LaBeouf
. Foar dy rol moast hja earst fiif kilo oankomme.
[3]
Yn 2008 krige hja in rol yn
New York foar begjinners
neist
Jeff Bridges
en
Kirsten Dunst
.
[4]
Fox waard ek neamd as opfolchster fan
Angelina Jolie
as
Lara Croft
yn de
Tomb Raider
-filmrige;
[5]
mar har publisteitsman hat dat tsjinsprutsen.
[6]
Har leste rol wie dy yn de horror-komedy
Jennifer’s Body
, dy't yn septimber 2009 utbrocht is.
Fox sil ek meidwaan oan in koartswillige film fan
Jonah Hex
. Dat moat in
Western
wurde en hja spilet dan neist
Josh Brolin
dy't de haadrol krije sil, en
John Malkovich
. De film sil yn 2010 ferskine is de hjitting
[7]
[8]
[9]
Sunt 2004 hat Fox in ferhalding mei de akteur
Brian Austin Green
, bekend fan de telefyzjerige
Beverly Hills, 90210
en de spylfilm
Terminator: The Sarah Connor Chronicles
.
Fox hat acht tatoeaazjes, foar bekend,,
[10]
op de heup ien mei de namme fan har eks-ferloofde "Brian" en in ofbyld fan
Marilyn Monroe
's gesicht op de rjochter underearm.
[11]
In oare sit op har rjochterskouder:
We will all laugh at gilded butterflies
, in rigel ut
William Shakespeare
's stik
King Lear
, in
yin en yang
tatoeaazje op de lofter pols, in gedichtsje op de lofter side fan de ribbekast dat seit
there once was a little girl who never knew love until a boy broke her HEART,
en in
Sineesk
wurd foar 'kreft' yn de nekke.
[12]
Fox hat fierder noch in opkommende moanne oer in Davidstjer flak boppe de rjochter ankel.
[13]
Dat is har iennichste bekende kleurde tatoeaazje.
[14]
- 2002?2003:
Ocean Ave.
(haadrol)
- 2003:
What I like about you
(1 oflevering)
- 2004:
Two and a Half Men
(1 oflevering)
- 2004:
The Help
(3 ofleverings)
- 2004?2006:
Hope & Faith
(ut en troch in rol)
- 2010:
Eminem
feat. Rihanna ?
Love the Way You Lie
- 2005: Young Artist Award (Nominaasje)
- 2007: Teen Choice Award (trije nominaasjes)
- 2007: Scream Award ?
Sci-Fi Siren
foar
Transformers
- 2008: FHM Sexiest Women in the World 2008 1e plak