한국   대만   중국   일본 
Marten Buis - Wikipedy Springe nei ynhald

Marten Buis

Ut Wikipedy
Marten Buis
keunstner
persoanlike bysunderheden
echte namme Marten Buis
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 30 maart 1914
berteplak Dutslan
stoarn 30 maaie 1994
stjerplak De Jouwer
wurkpaad
jierren aktyf 1935-1990

Marten Buis ( Dutslan , 30 maart 1914 - De Jouwer , 30 maaie 1994 ) wie in keunstskilder fan De Jouwer .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Marten Buis waard berne as soan fan Jouster alden dy't yn Dutslan wurken. Doe't sy werom yn Nederlan wiene, folge Marten in tekenoplieding yn Amsterdam. Hy wurke nei syn studzje as etaleur. Yn 1948 troude hy mei Annie Meijer dy't yn de Twadde Wraldoarlich as hongerflechtling mei har folk nei De Jouwer komd wie. Yn syn eigen tiid die er in soad oan reklametekenjen en tekene hy foar de MOB-krante ( Midstraat Op z'n Breedst ). Doe't it tekenjen te min oplevere rjochte hy him nei de berte fan syn bern op it etalaazje meitsjen. Letter hied er ek in antykhannel.

Doe't er op 64-jierrige leeftyd troch in hernia syn wurk net mear dwaan koe, rjochte hy him op syn alde leafde: tekenje en skilderje. Foar in soad minsken makke hy yn opdracht tekeningen fan harren hus of fan it alde Jouwer. De Kultuerried Skarsterlan en it Nutsdepartemint fan De Jouwer kamen mei in inisjatyf foar in boek. Yn 1991 ferskynde syn boek 'Binnenpaden en Buitenbeentjes in de oude Vlecke Joure’. It boek waard utrikt troch sjoernalist en skriuwer P.R. van der Zee. Buis sketste yn it boek mei tekeningen en ferhalen in byld fan it alde Jouwer. Sa steane yn it boek tekeningen fan de Toerstrjitte mei ophelbrege, de moles en de Jouster Toer . It Histoarysk Wurkferban fan De Jouwer toande yn 2017 in film oer de alde stegen fan De Jouwer. In soad ynformaasje en tekeningen kamen ut it boek fan Buis. [1]

Buis ferstoar yn 1994. Museum De Jouwer bewarret neist syn teken- en skilderwurk fan De Jouwer ek in selsportret en de skildersezel fan Marten Buis. Yn 2014 waard troch it museum in oersjochtentoanstelling halden. Dat wie by gelegenheid fan de hunderste bertedei fan Buis. Yn Vegelin State hinget in tekening fan syn han mei de Toerstrjitte yn de rjochting fan de Jouster Toer. Der besteane mear tekeningen fan dat underwerp, mar dy binne allegear krekt in bytsje oars. Op syn tekeningen sette Buis altyd, wer en wannear't it makke wie.

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tekeningen fan Buis steane yn
  • Jerk - Teake Straatsma (1949)
  • Gedenck-clanck - J. Boonstra en T. Bijlsma (1955)

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: