Marteling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Martele )
Ferskate martelwurktugen .

Marteling , foltering , piniging , tramtearing , tamtearring of mei in argaysk wurd tortuer (fan it Latynske tortus , "ferwrongen") is it mei opsetsin tabringen fan lichaamlike en/of geastlike pine oan in beskaat organisme mei as doel om 'e iene of oare winsk te ferfoljen fan dejinge dy't martelet of om dejinge dy't martele wurdt ta it ien of oar te twingen. Hjirby moat men derom tinke dat in martelder net dejinge is dy't martelet, mar dejinge dy't martele wurdt. Marteling is by definysje in uttochte en opsetlike die ; it unbewust of by fersin tabringen fan pine sunder dat dat jins spesifike bedoeling is, wurdt net beskoge as marteling. Hjoed de dei is de ynternasjonale konsensus dat marteling net allinnich ymmoreel is, mar ek ympraktysk, mei't slachtoffers fan marteling op in stuit alles sizze sille om mar fan 'e tabrochte pine ferlost te wezen, mei as gefolch dat tsjugenissen of bekentenissen dy't oflein binne under foarmen fan marteling folslein unbetrouber binne.

Algemiene omskriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Marteling is oan dien of talitten troch yndividuele persoanen, groepen persoanen, organisaasjes en de autoriteiten fan lannen fan 'e ierste prehistoarje of oan hjoed de dei ta. De doer fan marteling kin ferskille fan mar in pear minuten oant dagenlang, of mei tuskenskoften sels wiken- of moannenlang. De redens dy't lju hawwe om in oar persoan of organisme te marteljen kinne bestraffing , wraak , politike weropfieding , ofskrikwekjende wurking , underfreging of twang ta it ien of oar weze, of ienfaldichwei de befrediging fan sadistyske gefoelens. Psychologen binne fan betinken dat it ferlet om in oar oan marteling te underwerpen it gefolch is fan ynterne psychologyske druk yn 'e psyche fan 'e marteldogger.

Marteling kin de bedoeling hawwe om op moard ut te rinnen, bgl. as it in underdiel fan 'e deastraf is, sa't eartiid faak it gefal wie by publike terjochtstellings . Yn sokke gefallen binne/wiene martelpraktiken faak untwurpen om it lijen fan it slachtoffer sa lang mooglik op te rekken. Mar ek martelpraktiken werby't de dea fan it slachtoffer net it doel is (of, by underfreging, it tsjinstelde fan it doel is), kin soks wol deeglik op in moard utrinne, bgl. om't de fysike steat fan it slachtoffer de marteldogger neat skele kin, om't de marteldogger (yn it gefal fan underfreging) te fier giet yn syn besykjen om 'e wjerstan fan 'e slachtoffer te brekken, of om't it slachtoffer in besteande mar by de marteldogger unbekende oandwaning hat, lykas in hertkwaal , dy't him/har kwetsberder foar sa'n behanneling makket. Oan 'e oare kant binne guon foarmen fan marteling untwurpen om inkeld psychologyske pine ta te bringen of sa min mooglik fysyk bewiis nei te litten.

Tramtearring troch Amerikaanske militeren yn de Abu Ghraib-finzenis , Irak ( 2005 ).

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it ferline wie marteling yn alle lannen in hiel normale foarm fan wetshanthavening , sawol as underdiel fan underfreging troch de autoriteiten fan lju dy't fan in misdriuw fertocht waarden, as by it utfieren terjochtstellings . Der kaam under de Ferljochting stadichoan in ein oan. Hjoed de dei is marteling ferbean under de ynternasjonale wetjouwing , sa't dy om 'e midden fan 'e tweintichste iuw untwikkele is, en teffens under de eigen wetten fan 'e measte lannen. It wurdt beskoge as in ynbrek op 'e minskerjochten en wurdt mei safolle wurden as unakseptabel ferklearre under kest 5 fan 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske .

Lannen dy't de Sjenefske Konvinsje fan 1949 en de Oanfoljende Protokols I en II fan 1977 undertekenen, hawwe dermei formeel festlein dat se har net skuldich meitsje sille oan it utfieren of talitten fan marteling, sij it binnenlansk of butenlansk. Marteling is ek ferbean under de Kovinsje tsjin Marteling , fan 'e Feriene Naasjes , dy't troch 158 lannen ratifisearre is, werunder alle demokrasyen yn 'e wrald. Nettsjinsteande dat halde lannen har soms net oan 'e ofspraken, lykas de Feriene Steaten , dy't nei de oanfallen fan 9/11 saneamde ' ferbettere underfregingstechniken ' ( enhanced interrogation techniques ) ynfierden, wat in eufemisme foar marteling is. Dat it Amerikaanske regear stiiffest untkent dat praktiken as waterboarding foarmen fan marteling binne, is wolbeskoge in besykjen om 'e betsjutting fan it wurd 'marteling' te feroarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en Further reading , op dizze side .