Malaria

Ut Wikipedy
     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In ynfektearre reade bloedsel
Lannen der't malaria hearsket

Malaria is in ynfeksjesykte dy't troch fjouwer ferskillende Plasmodiae , spoarebistjes , feroarsake wurdt en benammen yn moerassige kriten foarkomt. Alle jierren stjerre der sawat 1 miljoen minsken oan de sykte , werfan in grut part bern oant en mei 5 jier. In mins kin ynfektearre wurde troch in miggebeet, meastal nachts.

Yn Nederlan kaam oant yn de 19e iuw in lanseigen fariant fan malaria foar.

Symptomen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei in ynkubaasjetiid fan likernoch 2 wiken krijt de ynfektearre minske lest fan pineholle, lichte koarts, de knieren dogge wat sear, in unpaslik gefoel mei koarjen en diarree. Dernei boazet de sykte oan mei koartsoanfallen, bloedearmoed, gielsucht en mooglik noch oare symptomen.

Previnsje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • DEET
  • Klamboe, leafst ympregnearre

Medisinen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Kinine
  • Glorokuine
  • Meflokuine

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]