Maitiid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maityd )
In protte blommen komme ta bloei yn de maitiid.

De maitiid (ek wol stavere as maityd of maaitiid ) of it foarjier , is ien fan de fjouwer jiertiden .

Yn de stjerrekunde begjint de maitiid op de dei dat de dei en de nacht like lang binne, de maitiidevennacht . Dit barren fynt plak om 20 maart hinne op it noardlik healrun en om 23 septimber hinne op it sudlik healrun . De sinne giet dan troch it maitiidpunt . De maitiid einiget mei de simmersinnekear , it stuit dat de sinne it heechst boppe de himel stiet. Op it noardlik healrun is dat om 21 juny hinne en op it sudlik healrun om 21 desimber hinne.

Yn de waarkunde begjint de maitiid op it noardlik healrun op 1 maart en rint dizze oant 1 juny . Op it sudlik healrun rint dy perioade fan 1 septimber oant 1 desimber .

De maitiid is it seizoen der't it waar wer waarmer wurdt, trochdat it part fan de ierde der't it maitiid wurdt nei de sinne ta kantelet. It is ek de tiid dat de bisten wer ut harren wintersliep of winterferbliuw krupe en harren fuortplantsje . Ek komme in protte blommen ta bloei.

It wurd maitiid is, krekt as de moannenamme Maaie , oflaat fan Latin maius , fan Maja , Romeinske goadinne fan de Ierde.