한국   대만   중국   일본 
Madly Madagascar - Wikipedy Springe nei ynhald

Madly Madagascar

Ut Wikipedy
Madly Madagascar
film
Filmposter yn 'e IMDb
makkers
regisseur David Soren
produsint Chad Hammes
Lisa Stewart
utfierend
   produsint
Mireille Soria
senario David Soren
muzyk Heitor Pereira
filmstudio DreamWorks Animation
distribusje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ben Stiller
Chris Rock
David Schwimmer
Jada Pinkett Smith
Danny Jacobs
byrollen Tom McGrath
Taraji P. Henson
Cedric the Entertainer
Phil LaMarr
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 29 jannewaris 2013
foarm koarte tekenfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 22 minuten
filmsearje
filmsearje Madagascar

Madly Madagascar is in Amerikaanske koarte kompjuteranimearre tekenfilm ut 2013 under rezjy fan David Soren . It is in komeedzjefilm foar bern en foar folwoeksenen mei in spyldoer fan 22  minuten . De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ben Stiller , Chris Rock , David Schwimmer , Jada Pinkett Smith en Danny Jacobs . De titel betsjut "Healwiis Madagaskar", werby't it eigenskipswurd madly konnotaasjes hat yn it ramt fan leafde of ferealens . De film hat dan ek as tema Falentynsdei . Madly Madagascar heart ta de Madagascar -franchise en spilet nei it meastepart fan 'e foarfallen yn Madagascar: Escape 2 Africa , mar foar de slotsene fan dy film. It ferhaal giet oer in fleske rukersguod dat ut in oerfleanend fleantuch smiten wurdt, en dat grut trelit feroarsaket by de bisten fan in wettergat yn in Afrikaansk wyldreservaat .

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alex de liuw , Marty de sebra , Melman de sjiraffe , Gloria it nylhoars , kening Julien de ringsturtmaky , Maurice it fingerdier , Mort de musmaky en de fjouwer psychopatyske pinguins under lieding fan Skipper binne noch altyd yn it wyldreservaat yn Afrika nei harren eardere aventoer . Falentynsdei komt deroan, in feestdei der't Alex yn 'e Central Park Zoo yn New York altyd graach oer mocht om't er dan ekstra oandacht krige fan it dieretunpublyk. Hy besiket datselde effekt te kreearjen troch de lanseigen ynwenners fan it wyldreservaat te underrjochtsjen oer Falentynsdei. Derta hat er foar allegear in Falentynskaart skreaun, en no besiket er harren derfan te oertsjugjen dat se allegear ek in Falentynskaart oan him weromstjoere moatte.

Underwilens fljocht der in frachtfleantuch oer dat folladen is mei Falentynsdei kado's . De piloat en de ko-piloat nimme it lykwols net sa nau mei de regels fan 'e postbesoarging en plonderje de pakjes op 'e syk nei sukelaadsjes , dy't se lekker opsnobje. Op in stuit komt de ko-piloat in pakje tsjin der't in fleske rukersguod yn sit, mei de namme Leafdesmiddel Nu. 9 . By wize fan grap besproeit er de piloat mei it guod, mar it stjonkt sa, dat de mannen it fleske gau-gau ut it finster smite. It rukersguod komt del op 'e kop fan 'e ferfeelde kening Julien, dy't der fuortendaliks mooglikheden yn sjocht. Hy makket mei help fan Maurice en Mort de bisten fan it wyldreservaat wiis dat it in magyske floeistof is dy't fan 'e goaden komt, en dy't jin op slach unwjersteanber makket foar it oare geslacht . Alle bisten stjonke deryn en undertekenje in wjirchkontrakt foar in pufke fan it rukersguod, utsein de dieretunbisten ut New York.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

As der in tsjeppe wyfkes okapy opdukt, dy't op besite is ut in oar wyldreservaat, binne alle sebra's fanwegen de swart-wite streken op 'e efterskonken fan 'e okapy op slach smoarfereale . Dat jildt ek foar Marty, mar hy sjocht net yn hoe't er har oandacht luke kin yn in hiele keppel sebra's dy't der allegear persiis itselde utsjogge as hy. Yn wanhoop beslut er dan dochs it rukersguod mar ris te prebearjen, mar as hy deroan ta is, blykt it fleske leech te wezen. Hy freget de pinguins om foar him in nij fleske fan it guod oan te meitsjen, dat Skipper, Kowalski, Rico en Private kringe it kamp binnen der't de minsklike toeristen oernachtsje op 'e siik nei de juste yngrediinten . Skipper, dy't gjin magysk leafdesmiddeltsje nedich is om healwiis te wezen, is fereale rekke op in froulike bobblehead doll , dy't er oeral mei nei ta sleept. Yn it kamp wurdt it ding untdutsen troch de toergids , dy't in sammelder fan sokke popkes blykt te wezen en him it ding, ta ofgriis fan Skipper, ta-eigenet.

Kowalski en Rico meitsje it rukersguod foar Marty oan, der't se behalven it spul dat se ut it kamp stellen hawwe ek wat willekeurige dingen oan tafoegje. Alex, dy't earder de gek hie mei Marty, hat underwilens untdutsen dat nimmen belangstelling foar syn fiering fan Falentynsdei hat, en syn ried te'nein beslut er om it leafdesmiddel dan ek mar ris te prebearjen. Mar Marty goait it hiele brousel fan 'e pinguins oer himsels hinne en lit neat foar Alex oer. Dy wol dan dat de pinguins in nije tsjettelfol fan it guod meitsje. De pinguins hawwe lykwols oare dingen oan 'e holle, mei't Skipper in redingsmisje organisearret foar syn pop. Derop freget Alex Julien om help, dy't mei syn wenstige mispleatste oermjitte oan selsfertrouwen derfan oertsjuge is dat er sels it leafdesmiddel ek wol brouwe kin.

It brousel fan 'e pinguins blykt sa goed te wurkjen, dat Marty net inkeld de oantreklike okapy, mar ek alle oare froulike bisten ut it reservaat efter him oan kriget, fan lytse dikdiks oant reuseftige oaljefanten . Hy genietet fan alle oandacht. It brousel dat Julien, Maurice en Mort foar Alex meitsje, en dat hy hielendal oer himsels hinne jit, blykt lykwols sa te stjonken dat it in diametraal tsjinstelde wurking hat en eltsenien utnaait as hy deroan komt. Underwilens hat Melman, dy't koartby in relaasje mei Gloria krigen hat, de help fan 'e sjimpansees ynskeakele om in geweldige Falentynsdeifiering foar syn leafste te organisearjen. Mar syn tariedings, werunder in reuseftige pop fan it Frijheidsbyld mei de kop fan Gloria, wurde by fersin hieltyd ferrinnewearre troch de oaren, dy't inkeld oandacht foar harren eigen swierrichheden hawwe.

Alex jout him ferbuke of. Gloria wurdt lulk op Melman, om't er gjin oandacht mear foar har liket te hawwen en hieltyd fuortrint om him mei oare dingen dwaande te halden. En Marty beseft dat er no foar de wyfkes sa oantreklik is, dat se him gjin sekonde mear gewurde litte kinne. Sadree't er dat untdekt, fergiet him it laitsjen wolfergoed. Underwilens kringe de pinguins op 'e nij it minsklike kamp yn, der't se de Landrover mei de samling bobblehead dolls fan 'e toergids stelle . Dyselde komt harren yn in oare auto benefter. Nei in spektakulere efterfolging witte de pinguins de grutte leafde fan Skipper te reden. Gloria fynt it draaiboek mei Melman syn plannen foar Falentynsdei en beseft dat er sa drok dwaande wie foar har. Marty wit einlings oan 'e wyfkes te untsnappen en yn it wettergat te springen, der't er it leafdesbrousel ofwasket sadat de wyfkes harren ynteresse yn him ferlieze. Trijeresom sette Marty, Melman en Gloria dan nei Alex ta, dy't se ferrasse mei in Falentynskaart fan elts fan harren. It binne net safolle as er op hope hie, mar it binne guon dy't wier ut it hert komme, dat Alex is der sa bliid mei dat er syn freonen stevich oankrupt . Mei as gefolch dat sy hast oer har nekke geane en him te ferstean jouwe dat er him earst ris flink waskje moat.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Alex de liuw Ben Stiller
Marty de sebra Chris Rock
Melman de sjiraffe David Schwimmer
Gloria it nylhoars Jada Pinkett Smith
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Danny Jacobs


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Skipper, de lieder fan 'e pinguins Tom McGrath
de okapy Taraji P. Henson
Maurice, in fingerdier Cedric the Entertainer
toergids Phil LaMarr
Mort, in musmaky Andy Richter
Kowalski, in pinguin Chris Miller
Rico, in pinguin Jeffrey Katzenberg
Private ( Ned. : "Junior") , in pinguin Christopher Knights
Mason de sjimpansee Conrad Vernon
liuwinne Andrea Montana Knoll
nylhoarswyfke Andrea Montana Knoll
oaljefantewyfke Andrea Montana Knoll
piloat James Ryan

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Madly Madagascar waard regissearre troch David Soren nei in senario dat er sels skreaun hie. De koarte film waard produsearre troch Chad Hammes en Lisa Stewart foar filmstudio DreamWorks Animation , mei Mireille Soria as utfierend produsinte . De filmmontaazje wie yn 'e hannen fan James Ryan . De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Madly Madagascar waard fersoarge troch 20th Century Fox . De film kaam op 29 jannewaris 2013 ut, likernoch twa wiken foar Falentynsdei , dat it tema is.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar  (2005) ? Madagascar: Escape 2 Africa  (2008) ? Madagascar 3: Europe's Most Wanted  (2012) ? Penguins of Madagascar  (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper  (2005) ? Merry Madagascar  (2009) ? Madly Madagascar  (2013) ? All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown  (2017) ? All Hail King Julien: Happy Birthday to You  (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar  (2008-2012) ? All Hail King Julien  (2014-2017) ? Madagascar: A Little Wild  (2020-20??)