한국   대만   중국   일본 
Luzon - Wikipedy Springe nei ynhald

Luzon

Ut Wikipedy
De lokaasje fan it eilan Luzon yn de Filipinen

Luzon is it grutste eilan fan de Filipinen . It eilan is 104.688 km² grut en beslacht sawat 35 % fan it lanoerflak fan de Filipynske arsjipel. Op it eilan wennet ungefear de helte fan de hiele befolking op de Filipinen.

Manilla , haadsted en regearingssit fan de Filipinen, leit sintraal op it eilan yn in tichtbefolke gebiet dat Metro Manilla neamd wurdt. Manilla is tegearre mei Vigan City yn it noarden fan Luzon ien fan de trije steden dy't de Spanjerts yn de 16e iuw op it eilan stifte hawwe. It histoarysk sintrum fan Vigan is yn 1999 op de Wralderfgoedlist kaam.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De grutste mar fan de Filipinen, Laguna de Bay en de langste rivier fan it lan, de Cagayan lizze op it eilan Luzon. Ek aktive fulkanen lykas de Pinatubo , Mount Taal en de Mayon komme foar op Luzon. Yn it berchige noarden lizze de wraldferneamde rysterrassen fan Banaue dy't ek op de wralderfgoedlist steane. De heechste berch fan Luzon is Mount Pulag , mei 2922 meter is dy krekt wat leger as de heechste berch fan de Filipinen, Mount Apo . Neist bergen komme op it eilan lykwols ek grutte flakten foar, der't in protte lanbouprodukten fan weikomme.

Bestjoerlike yndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It eilan is opdield yn 7 regio's en 30 provinsjes:





Fan de provinsjes Albay, Batangas, Cagayan, Camarines Norte, Camarines Sur, Cavite, Pangasinan, Quezon en Zambales binne der parten dy't net op it eilan lizze.