한국   대만   중국   일본 
Louise Mellema - Wikipedy Springe nei ynhald

Louise Mellema

Ut Wikipedy
Louise Mellema
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Louise Mellema
nasjonaliteit Nederlansk
berne 5 desimber 1900
berteplak Saltkamp
stoarn 16 novimber 1990
stjerplak Skiermuntseach
wurk
taal Nederlansk

Louise Mellema ( Saltkamp , 5 desimber 1900 - Skiermuntseach , 16 novimber 1990 ) wie in publisiste .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Se wie dochter fan sluswachter Theunis Lourens Mellema (inisjatyfnimmer fan it Noordelijk Scheepvaartmuseum yn Grins) en Fenna Orre. Tusken 1919 en 1928 wie hja troud mei predikant Hermanus HelBaudet. Se troude fannijs mei Marinus de Jong, der't hja yn 1952 fan skiedde en yn 1972 waard se de twadde frou fan sellist en klassikus Hugo Nolthenius der't hja al hiel wat jierren in ferhalding mei hie.

Se wenne jierrenlang yn en om Haarlim en rekke befreone mei de skriuwers Adriaan Roland Holst en Godfried Bomans . Se wie lid fan de S.D.A.P .

Artikels fan har ferskynden yn dei- en wykbleden en ek yn it moannebled Spiegel der Zeilvaart . Sa skreau se yn 1964 it "In memoriam van Klaas van der Geest " foar de Ljouwerter Krante .

Sy skreau in soad oer Skiermuntseach.

Se wie in muoike fan Rutger Hauer (fia mem Teunke Mellema). It pear Mellema en Nolthenius waard beierdige op Skiermuntseach. Der't se fan 1952 of wennen yn it huske Toomelid . [1]

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Ballade van een eiland
  • Mees Toxopeus (kronyk oer de ald-skipper)
  • Martin van Waning (biografy oer de skilder-byldhouwer Martin van Waning )
  • Rijmprenten van een waddeneiland
  • Schiermonnikoog, lytje pole (1973) omwurking fan Het eiland Schiermonnikoog

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Begraafplaatsen online, rieplachte 24 april 2021)