Loadewyk XVI fan Frankryk

Ut Wikipedy
Loadewyk XVI troch Antoine-Francois Callet yn 1788

Loadewyk XVI August fan Frankryk ( Versailles , 23 augustus 1754 ? Parys , 21 jannewaris 1793 ) regearde as Kening fan Frankryk en Navarra fan 1774 oant 1791 en dernei as Kening fan de Fransen fan 1791 oant 1792. Hy waard skorst en arrestearre nei de Bestoarming fan de Tuileryen yn de Franske Revolusje , hy waard berjochte troch de Franske Nasjonale Konvinsje, skuldich ferklearre oan heechferried en eksekutearre troch de guillotine op 21 jannewaris 1793 as in unthillige Franske boarger bekend as " Citoyen Louis Capet ". Hy is de ienige kening fan Frankryk dy't ea eksekutearre waard.

Syn pogingen om it Ancien Regime te werfoarmjen hienen net folle sukses. Hy waard tsjinwurke troch de privilezjearre stannen (Adel en Geastelikheid), en de Parleminten, aadlike rjochtbanken dy't de keninklike besluten hifkje moasten oan de bytidenven "Funemintele Wetten" . Twongen troch de finansjele omstannichheden moast hy de Franske Steaten-Generaal by elkoar roppe. Yn dy - konsultative - gearkomst ropen de leden har ut ta Grunwetjouwende Gearkomst en yn in prosses dat Franske Revolusje neamd wurddt, weryn de Kening de regyferlear, en it grutste diel fan syn macht, foarmen se Frankryk om ta Konstitusjonele monargy . In machtsgreep fan de ekstremisten en de republikeinen yn 1792 late ta ofsetting, finzennimming en deastraf.