한국   대만   중국   일본 
Loadewyk II fan Beieren - Wikipedy Springe nei ynhald

Loadewyk II fan Beieren

Ut Wikipedy
Loadewyk II

Loadewyk Frederik Willem ( Dutsk : Ludwig Friedrich Wilhelm ) ( 25 augustus 1845 ? 13 juny 1886 ), ut it Hus Wittelsbach (bynamme: de Mearkekening ), wie fan 1864 oant 1886 kening fan Beieren .

Hy is berne yn Nymphenburg by Munchen as soan fan kening Maksimiliaan II en prinses Marie fan Prusen .

Loadewyk waard al as 18-jierrige kening, doe't Maksimiliaan II yn 1864 ferstoar. De nije kening hie altiten al wat minskeskou en unlykwichtich west, mar meidat hy langer oan de macht wie, luts Loadewyk him hieltiten mear werom yn de Alpen , der't hy in tal hiel djoere mearkekastielen bouwe liet. It meast ferneamde kastiel, Neue Burg Hohenschwangau (better bekend as Neuschwanstein ), waard pas nei syn dea foltoge en is no in tige populere toeristyske attraksje.

Loadewyk wie fersein oan syn nicht Sofy, de suster fan keizerinne Elisabet fan Eastenryk ("Sisi"), mar neidat er de troudei al in pear kear utsteld hie, blies hy it houlik yn oktober 1867 uteinlik of. Reden derfoar wie syn homoseksuele aard.

Loadewyk ferdronk yn 1886 under nuvere omstannichheden yn de Starnberger See , ek al wie er in goed swimmer. By dy mar, sudlik fan Munchen , waard nei syn ferstjerren in lytse kapel boud. Alle jierren wurdt der op syn stjerdei in seremoanje halden ta syn neitins.

Syn bekendste kastielen:

Slot Linderhof
Slot Herrenchiemsee
Slot Neuschwanstein