한국   대만   중국   일본 
Lizzer (register) - Wikipedy Springe nei ynhald

Lizzer (register)

Ut Wikipedy

In lizzer is (fan oarsprong) in boekwurk der’t in register yn byholden wurdt fan:

  • te barren feste ynkomsten
  • foar unbepaalde tiid festleine gegevens oangeand unreplik guod

De bekendste lizzer is de kadastrale lizzer fan it Kadaster , dat meastentiids Iepenbier register neamd wurdt. Ek gemeenten en wetterskipen halde lizzers, mei deryn respektivelik de diken (de dikelizzer en de oerflaktewetters (de wetterlizzer).

De lizzer registrearret fan wa’t in perseel, dyk of wettergong is en wa’t dy underhaldt. Faak wurde de eigenskippen ek registrearre, lykas de breedte en soarte ferhurding fan de dyk of it profyl fan in wettergong. By in lizzer heart gauris ek in stelsel kaarten , der’t de behearde objekten op yntekene binne. Yn de Wetterwet is sunt 2009 in spesifike ferplichting opnommen om in lizzer (de wettersysteemlizzer) op te stellen foar alle wettersteatswurken.

Modernee lizzers binne digitalisearre der’t faak in geografysk ynformaasjesysteem by brukt wurdt.

Beneamings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wurdt lizzer is oflaat fan festlizze yn de betsjutting registrearje .

Feraldere terms binne dykrole en synsboek.

In dykrole wie oarspronklik in role papier, der’t de dyk op ofbylde wie, mei derop de ferdieling fan wat eltse himgenoat underhalde moat. Om eigenwille foar te kommen wie de ferdieling troch lotsjen utmakke. Letter waard de role troch in boekje ferfongen.