Lincoln (Ingelan)

Ut Wikipedy
Lincoln
Polityk
Lan Feriene Keninkryk
Regio East Midlands
Greefskip Lincolnshire
Sifers
Ynwennertal 89.700 (2010 rusd)
Oerflak 35,69 km²
Befolkingsticht. 2500 / km²
Oar
Tiidsone GMT ( UTC +0)
Simmertiid (UTC+1)
Koordinaten
Offisjele webside
www.lincoln.gov.uk
Lizzing Lincoln yn Lincolnshire
Brayford Pool

Lincoln is in Ingelsk distrikt en sted ( city ) yn it greefskip Lincolnshire , der't it ek de haadsted fan is. De rivier de Witham rint troch de sted.

Lincoln husfestiget de Universiteit fan Lincoln , dy't earst yn 2001 har hjoeddeistige foarm krige.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Newport Arch , Romeinske poarte

In yn it jier 48 stifte it Romeinske Legio IX Hispana (9e legioen) in castra op it plak fan it Lincoln fan no. Yn 96 wurdt it legerkamp in Lindum Colonia , in plak foar Romeinske feteranen.

Fermoedlik wie Lincoln dernei it haadplak fan it angelsaksyske Keninkryk Lindsey . [1]

De Normandjers under Willem de Oermasterder bouden yn 1068 it strategysk wichtige Lincoln Castle en fjouwer jier letter setten sy utein mei de bou fan de katedraal, dy't oant 1549 faaks it heechste bouwurk yn de wrald wie. [2] . De sted, op it kruspunt fan twa hannelswegen en in rivier, untjoech har ta in sintrum fan belang foar de wolhannel en de lekkenyndustry . Yn 1123 wie der in grutte stedsbran yn Lincoln.

Fan de 14e iuw of hie de sted te krijen mei in delgeande tiid dy't it earst yn de 19e iuw te boppe kaam mei it begjin fan de Yndustriele Revolusje . Lincoln waard doe in yndustrysted fan belang.

Ferneamde persoanen ut Lincoln [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frank Merry Stenton: Anglo-Saxon England , Oxford University Press, 2001 , ISBN 978-01928-0139-5 , s. 115?116.
  2. A.F. Kendrick (1902), The cathedral church of Lincoln , s. 60, George Bell & Sons, Londen, neamt it "doubtful" . De offisjele webside fan de Lincoln Cathedral [1] jout de understelling oer de hichte wol.