Lietsjeskriuwer

Ut Wikipedy

In lietsjeskriuwer , lietskriuwer of, mei in Ingelsk lienwurd , songwriter is de komponist en tekstdichter fan lietsjes .

In lietsjeskriuwer hat in wichtige funksje binnen in band . De sjonger en/of band kinne bygelyks it underwerp fan it numer foarof bepale, wernei't de lietsjeskriuwer dizze komponearje sil op in ynstrumint nei kar.

In lietsjeskriuwer kin ek syn eigen numers sjonge. Dat kin yn in band, mar ek solo. De term " singer-songwriter " wurdt sunt de jierren sechtich brukt om artysten oan te tsjutten dy't harren eigen wurk, faak solo, hearre litte.