한국   대만   중국   일본 
Liberalisme - Wikipedy Springe nei ynhald

Liberalisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Liberale )
Politike ideology
Side ut de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

It Liberalisme is in polityk-maatskiplike streaming der't de frijheid fan it yndividu yn sintraal stiet. Dy streaming is untstien yn de 18e iuw en waard foar it earst yn praktyk brocht nei de demokratyske revolusjes fan de 19e iuw yn Jeropa en Noard-Amearika.

Om de frijheid fan it yndividu te garandearjen moat de oerheid him sa min mooglik dwaande halde mei yngripen yn de ekonomy en mei it maatskiplik libben fan de boarger . Dermei stiet it liberalisme streekrjocht tsjinoer it sosjalisme . In wichtich punt fan it liberalisme is de skieding fan tsjerke en steat ; derby is it liberalisme wol wer foarstanner fan de frijheid yn godstsjinst . Ek wolle de liberalen dat de steatsynrjochting festlein wurdt yn de grunwet der't ek alle grunrjochten fan de boarger yn stean moatte.

Yn it liberalisme fan tsjintwurdich binne ferskate streamings te underskieden, dy rinne utinoar fan klassyk-liberalisme oant progressyf- of sosjaal-liberalisme.

De VVD en D66 binne yn Nederlan politike partijen dy't ideologysk sjoen by it liberalisme hearre.