Wurdskat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leksikograaf )

De wurdskat of it leksikon is it gehiel fan alle wurden en utdrukkings fan in taal . Sa'n wurdskat wurdt festlein yn wurdboeken , en it skriuwen fan in wurdboek hjit fan leksikografy . De studzje nei de wurdskat sels wurdt leksikology neamd. In netwurk fan semantysk besibbe leksikale lemma's, lykas alle wurden foar fruchten of alle nammen fan kleuren, neamt men in leksikaal fjild. Yn 'e psycholinguistyk wurdt alles dat in persoan oer syn of har taal wit, it mentale leksikon neamd, wylst de studzje fan 'e psychology fan 'e betsjuttings dy't oan wurden ferbun wurde wol de psycholeksikology hjit.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David , The Penguin Dictionary of Language (Second Edition) , Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163 , s. 197-198.