한국   대만   중국   일본 
De Fyfte Soan - Wikipedy Springe nei ynhald

De Fyfte Soan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Le Cinquieme Fils )
De Fyfte Soan
algemiene gegevens
oarspr. titel Le cinquieme fils
auteur Elie Wiesel
taal Fransk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1983 , Parys
oarspr. utjwr. Editions Bernard Grasset
kodearring
ISBN 2 24 62 89 211
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fyfte Soan
publikaasje [net utjun]
oersetter Jacobus Knol

De Fyfte Soan , yn it oarspronklike Fransk : Le cinquieme fils , is in roman fan 'e han fan 'e Joadsk - Amerikaanske skriuwer , heechlearaar , polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel ( 1928 ). It boek fertelt op non-lineere wize it ferhaal fan in joadske soan en dy syn besykjen om syn heite traumatyske oarlochsunderfinings te efterheljen en te begripen. Le Cinquieme Fils waard foar it earst utjun yn 1983 ; yn 2007 waard it oerset yn it Frysk , mar dy fertaling is spitigernoch nea utjun.

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Fyfte Soan giet oer de soan fan Reuven Tamiroff, in holokaustoerlibbene dy't him nei de oarloch yn New York nei wenjen set hat. Se libje der mei syn beiden en liede in wat weromlutsen bestean, nammenste mear om't de mem siik is en net mear by harren ynwennet. Reuven Tamiroff wegeret om te praten oer syn underfinings yn East-Jeropa under de Twadde Wraldoarloch , en mei derom groeit it foar syn soan suver ta in obsesje ut om syn heite holokaustferline te efterheljen. Lokkigernoch hat de alde twa maten dy't geregeldwei delkomme om 'e sabbat mei him troch te bringen. Dy beide mannen kin de jonge wol oan 'e praat krije, alteast, oant syn heit harren mei in blik of in wurd it swijen opleit.

Stadichoan, bytsje by bytsje, heart de jonge oer de ferskrikkings fan it libben yn it getto yn it slimst fan 'e oarloch, untdekt er dat syn heit en dy syn maten tsjuge west hawwe fan freeslike moarden, en dat se suver mear lit hawwe as dat se ferdrage koene. Mar it minste fan alles, it ding dat syn heit nei al dy jierren noch gjin rest gunt, kaam nei de oarloch, doe't Tamiroff dielnaam oan 'e moard op in wrede SS -ofsier. It besef fan it lijen fan syn heit set de soan oan ta it undernimmen fan in soarte fan pylgerreis nei de plakken fan syn heite ferline. Der docht him bliken dat de SS-ofsier de moardoanslach oerlibbe hat en noch altyd sun en wol is. Mei dy wittenskip kin er syn heit wat gemoedsrest jaan, mar tagelyk beslut er sels syn ferantwurdlikheid as syn heite soan te nimmen. Wat begun as in syktocht nei syn heite leafde, feroaret dan yn in wisberettens om syn heite wraak te foltogjen.

Fryske oersetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2007 is Le Cinquieme Fils troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk , under de titel De Fyfte Soan . Spitigernoch koed er der gjin utjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiesel, Elie , De Fyfte Soan (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2007, (net utjun).