Latynske skoalle

Ut Wikipedy
Yngong eardere Latynske Skoalle yn Gouda
opskrift Latynse skoalle yn Gouda

De Latynske skoalle wie eartiids (foar de 19e iuw ) in skoaltype der't learlingen (allinnich jonges ut begoedige hushaldings) tariede waarden op de universiteit. It skoaltype wreide har oer gans Europa ut.

Destiids wie it Latyn de taal fan de wittenskip , en de kolleezjes op universiteiten waarden yn dizze taal jun. Kennis fan it Latyn wie essinsjeel foar elkenien dy't dy't hegere studzjes dwaan woe. It lesprogramma fan de Latynske skoalle bestie foar it meastepart ut Latyn. Oare fakken wienen fan mindere betsjutting.

In soad Nederlanske steden (under mear Amsterdam , Rotterdam , De Haach , Dordrecht - it aldste fan Nederlan, Alkmaar , Gouda , Haarlim , Leien , Dimter en Grins ), hiene sunt de 14e iuw in Latynske skoalle. Sunt de 16e iuw waard ek it Gryksk opnomd yn it skoalprogramma.

Yn de 18e iuw waard yn Nederlan de populariteit fan de Latynske skoallen minder, under mear troch de opkomst fan de " Franske skoallen ", der't Fransk leard wurde koe (in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeesk lingua franca ) en praktyske fakken lykas boekhalden .

Yn 1838 waard der yn Nederlan in underwiisherfoarming trochfierd, werby't de Latynske skoalle plak makke foar it gymnasium , in skoaltype der't Latyn noch hieltyd it wichtichste fak wie, mar wol folle mear tiid utlutsen waard foar de moderne talen (Fransk en Dutsk , bytiden ek Ingelsk ), wiskunde en natuerwittenskippen. Yn de jierren nei 1838 waarden alle Latynske skoallen omset yn gymnasia.

It opskrift boppe de eardere Latyske skoalle yn Gouda : "Praesidium atque decus quae sunt et gaudia vitae - Formant hic animos Graeca Latina rudes" bestjut (frij oersetten) : 'Om ris ta steun, sieraad en boarne fan wille yn it libben te wezen, foarmje Gryksk en Latyn hjir de noch ruge geast'.

Yn Fryslan hawwe der latynske skoallen west yn Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, De Jouwer, Kollum, Ljouwert, Snits en Warkum.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Henny van Dolder de Wit en Henkjan Sprokholt (red) , Van pechvogel tot bolleboos , Gouda 1997.