Lutzen Dijkstra

Ut Wikipedy
Lutzen Dijkstra
persoanlike bysunderheden
echte namme Lutzen Dijkstra
bertedatum 7 maaie 1909
berteplak Peazens
stjerdatum 24 april 1964
stjerplak Amstelfean
sportive ynformaasje
sport reedriden
underdiel Langebaan

Lutzen (Lou) Dijkstra ( Peazens , 7 maaie 1909 - Amstelfean , 24 april 1964 ) wie in Fryske reedrider.

Syn beste utslach wie in twadde plak by it Nederlansk Kampioenskip fan 1933 . Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen fan 1936, wer't hy meidie op alle ofstannen. By de wraldkampioenskippen wie syn beste resultaat it 11e plak yn it einklassemint yn 1935 . Noch yn 1950 kaam hy ut op it Nederlansk Kampioenskip.

Dijkstra wie ek in fertsjinstlik hurdfytser, wedstrydsiler en fuotballer. Sa wie hy keeper by ADO De Haach . Fan berop wie hy medikus. Hy ferhuze yn 1942 nei Amstelveen , der't hy husarts waard.

Dijkstra wie in steunpylder fan syn dochter Sjoukje , dy't fan 1960 of triomfen fierde by it keunstriden. Inkele wiken nei it hichtepunt yn har karriere, Olympysk goud op de Winterspullen 1964, kaam hy om it libben.

Resultaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

jier NK
Oer Alles
EK
Oer Alles
WK
Oer Alles
Olympyske
Spullen
1929 nc16
1933 sulver 17e
1935 11e
1936 16e 18e 24e 500m
20e 1500m
16e 5000m
20e 10.000m
1941 nc17
1942 nc21
1947 ns2
1951 nf3