Krusiging fan Jezus

Ut Wikipedy
In skilderstik fan Diego Velazquez ut de 17e iuw

De Krusiging fan Jezus is in barren fan krusjaal belang yn it kristendom It barde yn Judea yn de earste iuw , ruchwei tusken 30 en 33 . De krusiging fan Jezus is beskreaun yn de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint en ek wurdt der yn de brieven yn it Nije Testamint nei ferwiisd. It wurdt lykwols ek befestige troch net-kristlike boarnen, hoewol't der fierders gjin ienriedigens under de skiedkundigen is en gjin sekuere details foarhannen binne.

Neffens de evangeeljes waard Jezus arrestearre en berjochte troch it Sanhedrin , en dernei troch de Romeinske lanfad Pontius Pilatus feroardiele om gisele en dernei krusige te wurden. Hy waard untdien fan syn klean, en him waard jittik of wyn fermongen mei mirre en galle oanbean nei't er sei: "Ik ha toarst". Hy waard tusken twa feroardiele dieven oan it krus hongen en neffens it Evangeelje fan Markus stoar er op de njoggende oere fan de dei (om trije oere middeis hinne). Underwilens hiene Romeinske soldaten in boerd boppe-oan it krus befestige, mei de wurden; "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden", en neffens it Evangeelje fan Jehannes waard dy tekst yn trije talen skreaun, Hebriuwsk , Latyn en Gryksk . Dernei ferparten se syn klean under elkoar en smieten se lotten foar syn klaad sunder naden, op 'e nij neffens it Evangeelje fan Jehannes. Neffens deselde boarne pjukte in soldaat syn spear yn de side fan Jezus nei't er al ferstoarn wie, wernei't bloed en wetter ut 'e wune wei run. De Bibel neamt san kruswurden dy't Jezus sei, wylst er oan it krus hong, en in stikmannich boppenatuerlike foarfallen wurde ek neamd.

Meiinoar de Passy neamd, steane it lijen en de ferlossende dea fan Jezus troch krusiging sintraal yn de kristlike teology dat de lear fan ferlossing en fermoedsoening oanbelanget.

It barren neffens it Nije Testamint [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It oereinsetten fan it krus troch Sebastiano Mazzoni ut de 17e iuw yn Ca' Rezzonico

De dea fan Jezus waard foar it earst neamd yn de fjouwer kanonike evangeeljes , en ek yn de brieven yn it Nije Testamint wurdt dernei ferwiisd. Yn de fjouwer evangeeljes hat Jezus syn dea foarsein op trije ferskillende plakken. Alle fjouwer evangeeljes beskriuwe wiidweidich it ferhaal oer de Arrestaasje fan Jezus , syn rjochtsaak foar it Sanhedrin , de feroardieling oan it hof fan Pontius Pilatus , der't er gisele en ta de dea feroardiele waard, syn paad nei it krus, der't er ynearsten sels it krus by droech, foar't Romeinske soldaten Simon fan Syrene hjitten en draach it krus fierder foar him, it krusigjen, de begraffenis en syn opstanning fan de dea. Syn dea wurdt yn de evangeelje en oare boeken fan it Nije Testamint as in offerritueel beskreaun.

Nei't Jezus op 'e heuvel fan Golgota oankaam, waard him jittik of wyn, fermongen mei mirre en galle, oanbean om te drinken. Neffens de evangeeljes fan Matteus en Markus wegere er dat. Dernei waard er krusige tusken twa feroardiele dieven. Neffens guon oersettings ut it oarspronklike Gryksk , wiene de dieven faaks banditen , rovers of rebellen . Neffens Markus duorre syn ferstjerren seis oeren, fan de tredde oere oant syn ferstjerren op de njoggende oere fan de dei (ruchwei fan njoggen oere moarns oant trije oere middeis). De Romeinske soldaten befestigen in boerd mei de wurden "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden" boppe-oan it krus, werfan't de tekst neffens Jehannes yn trije talen werjun wie. Hja ferparten syn klean en smieten lotten om syn klaad sunder naden. Neffens Jehannes brutsen de soldaten Jezus syn skonken net, om't er al ferstoarn wie. Hja diene it by de oare feroardielden al om harren dea te ferhastigjen, om't Joadske wet ferbea dat liken nachts foar de sabbat hingjen bleaune. Elts evangeelje hat syn eigen ferzje fan Jezus syn leste wurden, meiinoar san kruswurden . Neffens de synoptyske evangeeljes barden der ferskate boppenatuerlike foarfallen, lykas in sinnefertsjustering , in ierdskodding en, neffens Matteus, de opstanning fan de hilligen. Nei Jezus syn dea waard syn lichem fan it krus helle troch Joazef fan Arimatea , mei help fan Nikodemus , en yn in priveegref fan Joazef fan Arimatea, dy't Pontius Pilatus frege hie oft er it lichem begrave mocht, begroeven.

De trije synoptyske evangeeljes neame ek dat Simon fan Syrene it krus foar Jezus droech, dat in mannichte minsken Jezus bespotte, yn 'e mande mei de beide dieven, it fertsjusterjen tusken de sechde en de njoggende oere en de ierdskodding der't it foarkleed fan de timpel fan midstwa skuorde. De synoptyske evangeeljes neame ek ferskate tsjugen, werunder in Romeinske ofsier , en ferskate froulju dy't fan in ofstan taseagen. Twa fan dy froulju wiene by de begreffenis oanwezich.

Jezus oan it krus tusken twa dieven

It Evangeelje fan Lukas is it iennige dat it oanbieden fan de soere wyn oan Jezus net neamt, wylst Markus en Jehannes neame dat Joazef sels it lichem fan it krus helle.

It Evangeelje fan Matteus is it iennige dat in ierdskodding neamt, en ek dat hilligen dy't ferriisden troch de sted doarmen, en dat Romeinske soldaten it gref fan Jezus bewekken. It Evangeelje fan Markus is it iennige dat de tiid fan it krusigjen neamt; de tredde oere fan de dei, mar it koe al hast sa let as tolve oere middeis west hawwe. It Evangeelje fan Lukas beskriuwt Jezus syn wurden ta de froulju dy't oan it rouwen wiene, it beskrobjen fan de iene dief troch de oare, en de froulju dy't de kruden en salven klearmakken foar de sabbat. Jehannes is de iennige dy't it fersyk foar it brekken fan de fuotten, it pjukken fan de soldaat mei syn spear yn de side fan Jezus (in ferfolling fan in profesij ut it Alde Testamint ) en dat Nikodemus Joazef helpt mei it begraven fan Jezus, neamt.

Neffens it Earste Brief oan de Korintiers ferriisde Jezus ut de dea op de tredde dei, der't de dei fan it krusigjen as earste teld waard. Neffens de fjouwer evangeeljes ferskynde er foar syn dissipels op ferskate tiden foar't er nei de himel opfear. Neffens it boek Hannelingen fan de Apostels wie Jezus fjirtich dagen lang by de apostels, wylst it Evangeelje fan Lukas it tal dagen tusken Peaskesnein en de Himelfeart net neamt. Lykwols, de measte bibelundersikers tinke dat Hannelingen troch Lukas skreaun waard as in ferfolch op syn evangeelje, en de twa boeken soene sadwaande as ien gehiel beskoge wurde moatte.

Neffens Markus waard Jezus krusige tagelyk mei twa rebellen, en dan folget der in sinnefertsjustering fan trije oeren lang. Jezus gulde ta God, raasde, en ferstoar. De foarkleed fan de timpel skuorde yn twaen. Matteus folget Markus, mar dy neamt in ierdskodding en de opstanning fan de hilligen. Lukas folget Markus ek, mar beskriuwt de rebellen as gewoane kriminelen, fan wa't de iene foar Jezus opkaam en der't Jezus fan sei dat er tegearre mei Jezus yn it paradys komme soe. Lukas beskriuwt Jezus as unoandien by syn krusigjen. Jehannes neamt ferskate eleminten, lykas yn Markus, mar dy wurde kaldwei behannele.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Crucifixion of Jesus