한국   대만   중국   일본 
Kristian Dijkstra - Wikipedy Springe nei ynhald

Kristian Dijkstra

Ut Wikipedy
Kristian Dijkstra
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit Nederlansk
berne 19 maart 1988
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre sjonger
sjongtaal Frysk
ynstrumint perkusje
jierren aktyf 1999 -no
offisjele webside
http://www.twarres.nl

Kristian Dijkstra ( Ljouwert , 19 maart 1988 ) is sjonger fan de Fryske band Twarres . Hy spilet akustyske perkusje en sjongt de earste en twadde stim.

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1997 begun Kristian syn karriere as slachwurker by it Pasveerkorps yn Ljouwert en waard dermei meardere kearen wraldkampioen op it Wrald Muzyk Konkoers yn Kerkrade. Ek trede hy op yn de Royal Academy of Music yn Londen. Yn 2008 spile hy mei it Pasveerkorps op it Big Bang Slachwurk Festival mei Toto -drummer Simon Phillips.

Neist Twarres spilet Kristian ek yn de band 'The Woodrockers', in country/Bluegrass band.

Twarres [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sunt 2014 makket Kristian diel ut fan de Fryske band Twarres. Tegearre mei Mirjam Timmer foarmet hy de band. Yn 2016 waard de earste offisjele nije single Fugelfrij utbrocht yn de nije besetting.