In
kristen
(
froulike
foarm:
kristinne
) is in oanhinger fan it
kristendom
, of (wat beheind sjoen) in neifolger fan
Jezus Kristus
.
Oarspronklik wie de term 'kristen' in skelnamme foar de oanhingers fan Kristus. It soe foar it earst brukt wurde neidat yn
Jeruzalem
in
ferfolging
utbrutsen wie, der't ek de lettere
apostel
Paulus
(dy't doe noch Saulus hiet) by belutsen wie. De kristenen flechten fuort en rekken ferspraat oer it
Romeinske ryk
. Letter waard de skelnamme troch de nije groepearring sels oernommen om harren te underskieden fan oare leauwigen lykas de
Joaden
.
De skiednis fan de earste kristenen is werom te finen yn it
Bibelboek
Hannelingen fan de Apostelen
, haadstik 11.