Kristallnacht

Ut Wikipedy
Fernielde synagoge yn Berlyn

De Kristallnacht wie in troch de nazi 's organisearre pogrom rjochte tsjin de Joaden yn Dutslan .

De Kristallnacht barde yn de nacht fan 9 op 10 novimber 1938 . Yn hiel Dutslan waarden Joaden oanfallen, der waarden 267 synagogen yn bran stutsen en ungefear 7500 winkels en bedriuwen fan Joaden fernield. Ek Joadske huzen, skoallen, begraafplakken en sikehuzen moasten it untjilde. It waard de branwacht ferbean om de branen te blussen. Yn de Kristallnacht waarden 92 Joaden fermoarde. Ek yn Eastenryk en Sudetelan waarden Joaden oanfallen en harren besittings fernield. [1] Nazypropagandaminister Joseph Goebbels wurdt sjoen as it brein efter de Kristallnacht.

De namme Kristallnacht ferwiist nei de soad gleswurk dat by dizze oanfallen fernield waard. Fan Joadske side waard letter beswier makke. Sy funen de namme te eufemistysk te sjen oan de earnst fan wat bard wie. Sunttiids wurde der yn Dutslan ek oare nammen brukt, lykas Reichspogromnacht en Novemberpogrome 1938 . De Kristallnacht wurdt sjoen as in kearpunt yn it belied fan de nazi's tsjin de Joaden.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Kristallnacht troch it Nederlansk Auschwitz Comite