Krefeld

Ut Wikipedy
Krefeld
Flagge Wapen
Polityk
Lan flagge fan Dútslân Dutslan
dielsteat Noardryn-Westfalen
Gemeente
Sifers
Ynwennertal 226,844 (31 desimber 2020)
Oerflak 137,68 km²
Befolkingstichtens 1.600/km²
Hichte 39 m
Oar
Koordinaten 51° 20′ NB, 6° 34′ EL
Webside https://www.krefeld.de/
Lokaasje Krefeld yn Noardryn-Westfalen
De Ostwall , der't de eardere eastlike muorre stie, yn it sintrum fan Krefeld
Utsicht oer Krefeld fan de Kapuzinerberg of sjoen

Krefeld [?k?eːf?lt] ( Limburchsk : Krievel ), foar 1925 stavere as Crefeld , is in kringfrije sted yn de Dutske dielsteat Noardryn-Westfalen . De sted hat 226.844 ynwenners (31 desimber 2020). Krefeld is sunt it jier 1887 in Dutske Großstadt . De sted leit benoardwesten Dusseldorf en besudwesten Duisburg en leit op de westigge fan de Ryn . It sintrum leit inkelde kilometers bewesten de Ryn, wylst de stedsdiel Uerdingen dy't foar 1929 in selsstannige gemeente wie, oan de Ryn leit. De sted is te berikken mei de autodiken A57 fan Keulen nei Nimwegen en de A44 fan Aken oer Dusseldorf , Dortmund nei Kassel .

De measte ynwenners fan Krefeld sprekke hjoed-de-dei Standertdutsk , mar it pleatslike dialekt, it Krieewelsch Platt , dy't in foarm fan it Limburchsk is, wurdt ek noch wol sprutsen. De isoglosse Uerdinger liny , dy't taaleigenskippen yn it Dutske en oare Westgermaanske talen skiedt, rint troch de sted hinne, en is neamd nei it stedsdiel Uerdingen .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krefeld waard foar it earst neamd yn 1105 under de namme Krinvelde . Yn febrewaris 1598 joech Walburga, de frou fan Adolf van Nieuwenaer en leste grevinne fan Limburch en Meurs, it Greefskip Meurs der't Krefeld by hearde, oan prins Maurits fan Oranje . Nei har dea yn 1600 besocht Johan Willem fan Kleef it gebiet te bemachtigjen, mar Maurits wist syn gebieten mei sukses te ferdigenjen yn 1601 . Krefeld en Meurs soene yn de Gouden Iuw under de jurisdiksje fan it Hus fan Oranje-Nassau en de Republyk fan de Feriene Nederlannen bliuwe. De sted bloeide yn dy tiid, ek trochdat er besparre waard yn de Tritichjierrige Kriich (1618-1648), ta tsjinstelling fan it njonkenlizzende Uerdingen dy't hast folslein ferneatige waard troch Hessyske troepen.

Nei de dea fan Willem III fan Oranje yn 1702 kaam Krefeld by it Keninkryk Prusen te hearren. De Slach by Krefeld barde yn 1758 yn de Sanjierrige Kriich . Krefeld en Uerdingen waarden yn 1815 part fan de Prusyske provinsje Gulik-Kleef-Berch , dy't yn 1822 part fan de Prusyske Rynprovinsje waard.

Yn 1872 waard Krefeld in frije sted yn Rynprusen. Yn 1918 , nei de Earste Wraldkriich brukte it Belgyske leger Krefeld as basis by de Alliearde besetting fan it Rynlan (1919-1930). Yn 1929 waarden Krefeld en Uerdingen gearfoege ta Krefeld-Uerdingen , mar yn 1940 waard de namme ferkoarte ta gewoan Krefeld.

Op 11 desimber 1941 yn de Twadde Wraldkriich waarden 1007 Joaden fan Krefeld en Duisburg ferfierd nei in konsintraasjekamp by Riga yn Letlan . Hja waarden ferfierd yn in iiskalde tastan en krigen gjin drinkwetter foar mear as twa dagen. Fuortendaliks nei't hja oankamen waarden se deasketten by it Bloedbad fan Rumbula .

Op 21 juny 1943 ferneatigen Britske bommesmiters in soad gebouwen yn it eastlike part fan de sted. In hjitte fjoersee ferneatige grutte parten fan it sintrum, mei utsundering fan it treinstasjon. Op 3 maart 1945 kamen Amerikaanske troepen oan yn Krefeld, werunder de lettere minister fan Butenlanske Saken Henry Kissinger .

Nei de Twadde Wraldkriich waard de sted part fan de nijfoarme dielsteat Noardryn-Westfalen .

Minnisten fan Krefeld [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De minnistetsjerke

Fan 1607 of kamen der in nust Minnisten oan yn Krefeld en Gronau , ut oanswettende katolike gebieten wei, der't se ferfolge waarden. Hja sochten foar feiligere plakken yn gebieten fan it tolerante Hus fan Oranje-Nassau, der't Krefeld doe under foel. Yn 1657 waarden harren tsjerklike gemeente erkend en yn 1693 mochten se harren eigen tsjerke bouwe, dy't lykwols ferstoppe siet yn in eftertun. Dy tsjerke bestiet hjoed-de-dei noch hieltyd en hat sa'n 800 leden. Ek de Quakers krigen belangstelling fan de grutte minnistegemeenten yn Dutslan fan Krefeld, Gronau, Emden en Altona by Hamburch . Yn 1683 ferfearen trettjin minnistehushaldings, der't der tolve minniste-Quakers fan wiene, nei Pennsylvania om der religieuze frijheid te bemachtigjen. Hja fearen de Atlantyske Oseaan oer mei it skip Concord en hja stiften de delsetting Germantown , dy't hjoed-de-dei in part fan Philadelphia is, op utnuging fan William Penn , en dermei begjinnende de etnisiteit fan de Pennsylvania Dutch . De meast ferneamde minniste-famylje yn Krefeld wie de famylje Von der Leyen, dy't hannelers en wevers wiene fan side . Yn 1763 hiene se likernoch de helte fan de befolking fan Krefeld, 6.082, yn tsjinst yn harren fabriken. Harren hus, boud yn 1791 , is de hjoeddeistige stedhus.

Joadske mienskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der wie al in Joadske mienskip yn Krefeld yn 1617 . Yn 1764 waard der in synagoge boud en yn 1812 yn de Franske tiid hie de sted 196 Joadske hushaldings, en trije banken dy't yn eigendom fan Joaden wiene. Under Napoleon waard de sted it mulpunt fan de omlizzende Joadske mienskippen mei mear as 5.000 Joaden yn totaal. Yn 1846 wie der in Joadske offurdige dy't yn de gemeenteried stimd waard, wylst it antysemitisme yn dy snuorje ek tanaam. Yn 1897 foarmen de Joaden 1,8% fan de befolking. In herfoarme synagoge waard yn 1876 boud, der't tsjinstan by kaam fan de otterdokse Joaden. Ek in Joadske skoalle bestie der yn dy tiid yn Krefeld mei wol mear as 200 learlingen om 1900 hinne.

Yn novimber 1938 , by Kristallnacht , waarden de twa synagogen oanfallen. Yn 1941 waarden de Joaden fan Krefeld op befel fan Hitler nei it easten deportearre, nei in konsintraasjekamp by Riga en waarden der fermoarde. Yn 1945 waard Krefeld troch it Amerikaanske leger beset en Henry Kissinger , de lettere Amerikaanske minister fan Butenlanske Saken, krige de lieding oer de sted.

Yn 2008 waard der in nije synagoge, bybleteek, en Joadsk kultureel sintrum iepene op it plak fan ien fan de ferneatige synagogen. Likernoch 1100 Joaden wenje yn en om Krefeld yn dy tiid.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alexanderplatz yn de binnensted
Roomsk-katolike St.-Dionysiustsjerke

Romtlik gebiet [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krefeld leit op de westigge fan de Ryn op de Krefeld-Kempenplaat yn it midden fan de Nederrynske Leechflakte. It sintrum fan de sted leit likernoch san kilometer fan de Ryn. De stedsdielen Uerdingen , Linne en Gellep-Stratum lizze oan de Ryn. De gemeente Krefeld grinzget 6,2 km oan de Ryn. De breedte fan de rivier bedraacht der tusken de 320 en 400 meter. De gemeente is op syn grutst fan noard nei sud 12 km en fan east nei west 13,1 km. It sintrum leit 39 meter boppe seenivo. It heechste plak yn it stedsgebiet, de Hulserberg leit 63 meter boppe seenivo. It heechste plak is de Inratherberg mei in hichte fan 87 meter der't in soad pun fan nei de Twadde Wraldkriich yn smiten waard, en de Kapuzinerberg, mei 77 meter, dat in earder stoart fan husoffal wie.

De gemeente Krefeld grinzget yn it noarden oan de gemeenten Neukirchen-Vluyn en Meurs yn de lankring Wesel , yn it easten en noardeasten oan de kringfrije sted Duisburg , yn it suden oan de gemeenten Meerbusch yn de lankring Rhein-Kreis Neuss en Willich yn de lankring Viersen en yn it westen oan de gemeenten Tonisvorst en Kempen , allyk yn de lankring Viersen.

Besudeasten Krefeld leit de haadsted fan Noardryn-Westfalen, Dusseldorf , dy syn sintrum likernoch 19 km fan it sintrum fan Krefeld leit.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krefeld hat in seeklimaat dy't yn it noardwesten fan Dutslan foarkomt, mei mylde winters mei mar in bytsje snie, en mylde simmers.

Geology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Krefeld leit yn de Nederrynske Leechflakte. De lagen dy't justjes under de grun lizze bestean benammen ut grind en sanlagen ut de Iistiid . De oant 3o meter tsjokke lagen waarden der troch de Ryn ofset. Likernoch 240.000 jier ferlyn yn it Saale-glasiaal untstiene troch de ranen fan in iistonge driuwwalen fan de ein morenen , dy't no de Nederrynske Heuvelrech foarmje. Dy heuvelrech rint fan Krefeld oant Nimwegen ta. De Hulserberg is in foarbyld derfan.

Stedsyndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It stedsgebiet fan Krefeld is ferparte yn 9 stedsdistrikten: Sintrum, West, Noard, Huls, Sud, Fischeln, Oppum-Linn, East en Uerdingen en dy binne fierder underferparte yn 19 stedsdielen.

Dy 19 stedsdielen mei harren numer binne:Stadtteile mit ihren amtlichen Nummern sind: [1]

stedsdielen yn Krefeld
stedsdielen yn Krefeld
  • 010 Sintrum
  • 020 Kempener Feld/Baackeshof
  • 030 Inrath/Kliedbruch
  • 040 Cracau
  • 050 Dießem/Lehmheide
  • 060 Benrad-Sud
  • 070 Forstwald
  • 080 Benrad-Nord
  • 090 Hulser Berg
  • 100 Traar
  • 110 Verberg
  • 120 Gartenstadt
  • 130 Bockum
  • 140 Linn
  • 150 Gellep-Stratum
  • 160 Oppum
  • 170 Fischeln
  • 180 Uerdingen
  • 190 Huls

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Krefeld wurdt oarspronklik it Krieewelsch Platt sprutsen, dat in Sudnederfrankysk dialekt is. Yn de stedsdielen Fischeln, Oppum, Huls en Uerdingen wurdt it Oedings Platt sprutsen, dy't him fan it Krieewelsch underskiedt. Troch de sted rint de isoglosse Uerdinger liny (ik/ich-liny), dy't de skieding is tusken de dialekten dy't ich (besuden) en ik (benoarden) sizze. Yn it stedsdiel Huls, dat benoarden de liny leit, wurdt it Holsch Plott sprutsen dy't by de Noardnederfrankyske dialekten heart.

It besjen wurdich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarch Linn
  • Boarch Linn
  • Botanischer Garten Krefeld , gemeentlike botanyske tun
  • Zoo Krefeld , bistetun
  • Haus Lange en Haus Esters
  • Kaiser Wilhelm Museum
  • Dutske tekstylmuseum
  • Galopprennbahn Krefeld , hynsteracebaan
  • De histoaryske sintrums fan de eardere selsstannige steden Uerdingen , Linn en Huls.

Sustersteden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stadtteile - Strukturdaten 2018 , Stadt Krefeld , oproppen op 31 jannewaris 2021

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side .


 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Dusseldorf - Keulen - Munster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Duren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gutersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Hoxter - Kleef - Lippe - Markischer Kreis - Mettmann - Minden-Lubbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Stadte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Dusseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Monchengladbach - Mulheim an der Ruhr - Munster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal