한국   대만   중국   일본 
Krusraket - Wikipedy Springe nei ynhald

Krusraket

Ut Wikipedy
Testeksimplaar fan in Tomahawk-Block IV krusraket

In krusflechtwapen (de beneaming krusraket is minder goed, omdat der gjin raketoandriuwing oan te pas komt: it is eigentlik in unbemanne fleantuchje ; [1] Ingelsk : cruise missile ) is in laat wapen mei in konvinsjonele of nukleere eksplosive lading dat nei lansearring yn in horizontale baan, mei gelieding en oandriuwing oer it hiele trajekt , nei syn doel fleant. Dit yn tsjinstellling mei in ballistysk wapen , dat nei in koarte late oandriuwingsfaze in net-laat ballistysk trajekt folget.

De Dutske Fieseler Fi 103 , bekend woarn as V1 en yn de Twadde Wraldoarloch fan 1944 of ynsetten tsjin Ingelske en Belgyske steden, wurdt algemien as it earste fan dizze kategory wapens (doe oantsjutten as fleanende bom of robotfleantuch ) sjoen. Mei moderne krusflechtwapens as de Amerikaanske Tomahawk kinne fan skippen, underseeboaten en fleantugen of doelen op mear as 1500 km ofstan mei grutte presyzje betookt wurde.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Krusraket is de populere beneaming foar in krusflechtwapen sunt de politike alteraasje nei oanlieding fan it NAVO-dubeldbeslut yn 1979 doe't der nukleere Amerikaanske Tomahawks stasjonearre wurde soenen op bases by under mear Florennes en Woensdrecht . It begrip krusraket is lykwols in yn technysk opsicht ferkearde oantsjutting foar de soad krusflechtwapens dy't hielendal gjin raket binne of werby't gjin raketmotor tapast wurdt, eventuele startraketten net meirekkene.