Koreaanske Oarloch

Ut Wikipedy
Etiopyske FN-soldaten
f.l.n.r: korporaal Alema Welde, korporaal Chanllo Bala en sersjant-majoar Bogale Weldeynse
It ferrin fan de Korea-oarloch

De Koreaanske Oarloch of Korea-oarloch wie in konflikt tusken it kommunistyske Noard-Korea en Sud-Korea yn it tiidrek fan de Kalde kriich . It konflikt sette utein mei in oanfal fan Noard-Korea op Sud-Korea yn juny 1950 en einige yn july 1953 mei in wapenstilstan. Belutsen lannen wienen de Feriene Steaten under de flagge fan de Feriene Naasjes + oan de iene kant en kommunistysk Sina en de Sowjet-Uny oan de oare kant.

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Korea hie sunt 1905 troch Japan beset west. Nei de Twadde Wraldkriich wie it noardlike part troch de Sowjet-Uny beset en it sudlike troch de Feriene Steaten . De 38e breedtegraad foarme de grins tusken beide Korea's. De besetters wienen oerienkomd dat beide lannen by elkoar komme soene ta ien Korea. Lykwols waard nei de ein fan de besetting troch de twa grutte mogendheden yn Noard-Korea in kommunistysk rezjym ynsteld en krige Sud-Korea in mear demokratysk bestjoer. Noard-Korea waard stipe troch de Sowjet-Uny, wylst Sud-Korea troch de Amerikanen oan har lot oerlitten waard. Derom besleat de Noardkoreaanske regearingslieder Kim Il Sung om it suden te oermasteren.

It ferrin fan de Kriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 25 juny 1950 bruts de kriich ut doe't Noardkoareaanske troepen Sud-Korea ynfoelen. De feilichheidsrie fan de Feriene Naasjes naam in resolusje oan der't de leden yn oantrune waarden Sud-Korea te stypjen. Dat koe lykwols net ferhinderje dat de Noardkoreanen yn septimber 90% fan Sud-Korea yn hannen hienen. De striidkreften fan de Feriene Naasjes, dy't benammen gearstald wienen ut Amerikaanske ienheden en under befel stienen fan generaal MacArthur (nei april 1951 fan Ridgway ), fierden ferfolgens lanningen ut yn de rech fan it Noardkoreaanske leger, dat fuort derop ynstoarte. Sineeske frijwilligers kamen de Noardkoreanen te help. En tegearre dreaunen sy de troepen fan de Feriene Naasjes wer tebek. De striid lokalisearre him dernei om de 38ste breedtegraad hinne.

Op 10 july 1951 waard begun mei underhannelingspetearen oer in wapenstilstan dy't earst op 13 juny 1953 ta oerienstimming late. By it front lans waard in demarkaasjeline feststeld, dy't foar Sud-Korea geunstiger wie as de 38ste breedtegraad.

Gefolch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It lan wie troch de oarloch yngreven ferwoaste. Oan Sudkoreaanske side sneuvelen 450.000 soldaten en by de Noardkoreanen 1.3 miljoen. Neffens de wapenstilstanoerienkomst soe in politike konferinsje folgje, der't oer it byinoar bringen fan it lan yn beslist wurde moast. De konferinsje wie in jier letter, mar smiet gjin resultaten op.

Sunt de oarloch steane de legers fan de twa lannen noch hieltyd each yn each foar elkoar oer by de demilitarisearre sone, in soart fan Izeren gerdyn dat de twa lannen fan elkoar skiedt. Oer en wer hawwe wol foarsichtige besikings west de beide steaten wat tichter byelkoar te krijen. Under mear is der in regeling foar familys om elkoar te besykjen. Troch politike friksjes hat dy regeling nochal ris buten wurking steld west.

De Koreaanske Oarloch wurdt ek wol de ferjitten kriich neamd, omdat er yn it skaad leit fan sawol de Twadde Wraldoarloch as de Fietnamkriich . De oarloch wie lykwols bluodderich genoch om him syn plak yn de skiednis te jaan.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]