Koper

Ut Wikipedy

Koper is in skiekundich elemint mei symboal Cu en atoomnumer 29. It is in read/giel oergongsmetaal dat yn omkearde foarm ek as readkoper bekend stiet.

Untdekking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opgravings yn it noarden fan wat tsjintwurdich bekend is as Irak , hawwe oantoand dat koper al brukt waard om 8700 f.Kr. Oare opgravingen wize ut dat men yn 5000 f.Kr. koper al raande en isolearre ut koperhaldende mineralen as malachyt en azuryt .

Fan de Sumearjers en Egypteners is bekend dat se om 3000 f.Kr. koper raanden en brukten om bruns te meitsjen. Ek yn Sina wie it bruken fan koper bekend en binne der tige heechweardige brunzen foarwerpen ut 1200 f.Kr. fun. De yn 1991 yn de Eastenryksk/Italjaanske Alpen fune mummy Otzi , dy't grif om 3300 f.Kr. stoarn is, droech ark dat ut 99,7% suver koper bestie.

Yn de mytology en algemy waard koper faak assosearre mei de godheid Afrodite om de moaie glans. Derom waard koper eartiids under oare brukt foar spegels. De namme koper komt fan it Latynske wurd Cuprum. Dit wurd is oflaat fan "aes cyprium", dat "erts fan Syprus " betsjut. Yn de aldheid waard nammentlik op Syprus koper wun.

Tapassings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Omdat koper buchber is, ienfaldich te ferfoarmjen is en in tige grut geliedingsfermogen hat foar elektrisiteit en waarmte, wurdt it op grutte skaal yn de yndustry brukt. Inkele wichtige tapassings binne:

Foar it suverjen fan wetter wurdt koper yn de foarm fan koper(II)sulfaat brukt (CuSO 4 ).

Gemyske eigenskippen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Koper nimt yn ionere foarm hast altiten in oksidaasjetastan fan 2+ oan (Cu 2+ ), koper-ioanen nimme yn in wetterige oplossing in karakteristike blauwe kleur oan. Under ynfloed fan de atmosfear krijt koper in grienige oksidelaach. It elemint komt as sadanich yn de natoer foar, hoewol't it mear yn bune tastan as sulfide of as okside oantroffen wurdt. Koperhaldende mineralen binne u.o. kovellyt en malachyt . Op it folle djoerdere sulver nei, is koper de beste gelieder fan elektrisiteit. Derom wurdt it in soad brukt yn elektroanyske komponinten.

Yn de measte gefallen foarmet koper in Cu 2+ ion mar soms in Cu + ion, koper foarmet min ioanen, der is derom in sterke oksidator nedich om eleminter koper yn op te lossen, meastal wurdt salpetersoer of swervelsoer brukt, soms ek swakkere soeren as jittiksoeroplossing mar dizze reaksje sil tige stadich ferrinne, wol kin in swakke oksidator as wetterstofperokside tafoege wurde oan it soer om de reaksje wat te fersnellen. Der kin ek swervel brukt wurde of joad as oksidator, om dy reagearje te litten binne lykwols wol temperatueren om untbrandingstemperatuer nedich. De elektroanekonfiguraasje fan it elemint is [Ar]3d 10 4s 1 . De alde wize om yn de nammejouwing underskied te meitsjen tusken Cu + en Cu 2+ ferrun fia de kupro~ en kupry~ oantsjutting, tsjintwurdich wurdt koper(I) of koper(II) skreaun.

Bygelyks:

Under de koperoksiden (kupraten) sitte de recordhalders wat betreft hege krityske temperatueren foar supergelieding . Foar inkele fan dy ferbinings leit dizze temperatuer yn it 100-150K berik. Dy klasse fan ferbinings waard yn de tachtiger jierren untdekt; it earste foarbyld wie Yttrium-Barium-Koper okside (ek wol YBCO neamd).

Ferskining [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Chuquicamata yn Sily is de grutste deibou kopermyn

De wichtichste boarnen fan koper binne de mineralen chalcopyryt , chalkosyt , kovellyt , azuryt , malagyt en bornyt . Dy wurde op in soad plakken yn de ierdkoarste fun. Oare grutte fynplakken fan kopererts binne Sily , Peru en de Feriene Steaten . Yn Sily wurt ungefear ien-tredde fan alle koper mine. Yndoneezje hat in sterke groei fan koperproduksje sjen litten en wie yn 2009 de op trije nei grutste produsint. De grutste brukers fan koper binne de Sina , Dutslan en de Feriene Steaten .
Wraldwiid lei yn 2009 de konsumpsje fan koper op 18,4 miljoen ton. De mynproduksje bedroech 15,8 miljoen ton en troch resykling lei it totale oanbod op 18,6 miljoen ton. De fraach groeit hurder as it oanbod dertroch minderje de foarrieden. Op 4 febrewaris 2011 berikte de priis fan koper in rekordnivo fan $ 10.000 per ton [1] . Yn itselde Financial Times artikel waard melden dat yn 2011 de fraach it oanbod rom oertreffe sil wertroch 't fierdere priisstigings te ferwachtsjen binne. Koper wurdt op ferskate ynternasjonale beurzen ferhannele, lykas yn Londen , New York en Shanghai [2] .

Isotopen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Meast stabile isotopen
Iso RO (%) ferfaltiid VV VE (M eV ) FP
63 Cu 69,17 stabyl mei 34 neutroanen
64 Cu syn 12,7 h EF
β
1,675
0,597
64 Ni
64 Zn
65 Cu 30,83 stabyl mei 36 neutroanen
67 Cu syn 61,83 h β 3,558 67 Zn

Neist de twa stabile isotopen 63 Cu en 65 Cu is der in grut oantal radioaktive isotopen bekend. De langstlibbene derfan is 67 Cu mei in ferfaltiid fan rom 61 oere. De oare isotopen hawwe ferfaltiden yn de oarder fan inkele minuten of minder.

Toksikology en feilichheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It metaal is branber yn poeierfoarm. Hast alle koperferbinings moatte as fergiftich beskoge wurde. Dochs is koper fan libbensbelang foar bisten en hegere planten. Koper wurket as kofaktor fan in protte enzymen lykas superokside dismutaze, sytogroom C oksidaze, katalaze, lysyl oksidaze, tyrosinaze, Fitamine C oksidaze en dopamine beta hydroksylaze. In tefolle oan koper yn it lichem komt foar by de sykte fan Wilson . Transport fan de koperioanen yn bloed bart troch bining oan seruloplasmine . Fiedingsmiddels dy't ryk binne oan koper binne u.o. oesters, soyalesitine, nuten en lever.

Yn it bloed fan in soad net-wringedieren komt it koperhaldende hemosyanine foar.

Koper hat antybakteriele eigenskippen. It bruken fan koper in sanitere ynstallaasjes en liedingen remmet de baktearjegroei, sadat under mear legionella minder maklik foar komt [3] .

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Koper is ek de namme foar in ljochtbrunige kleur .

Yn de taal wurdt koper ek brukt as oantsjutting foar "weardefol" en/of "duorsum", lykas:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. (in) Financial Times, Red Hot copper hits $ 10.000 high, 4 febrewaris 2011
  2. " (in) Copperinfo website: Exchanges ". Oproppen op 6 febrewaris 2011 .
  3. http://www.demorgen.be/dm/nl/993/Gezondheid/article/detail/137329/2008/01/17/Koperen-buizen-verminderen-risico-op-legionella.dhtml