한국   대만   중국   일본 
Konservator - Wikipedy Springe nei ynhald

Konservator

Ut Wikipedy

In konservator (of yn gruttere musea in haadkonservator ) is de behearder fan in keunstsamling of in kolleksje fan oare foarwerpen en data mei artistike en/of wittenskiplike wearde.

Yn musea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn in grut museum is de haadkonservator de haadferantwurdlike dy't yn gearwurking mei de wittenskiplike stef de opbou en ynstanhalding fan 'e museumkolleksje beavensearret. Sa'n kolleksje kin bygelyks bestean ut keunstfoarwerpen of oare saken fan kultuerhistoaryske of wittenskiplike wearde. Yn lytse musea kin de konservator himsels wier-wier bemuoie mei de konservaasje fan 'e kolleksje. Yn 'e regel wurket er derfoar lykwols gear mei in tiim fan mear ambachtlik spesjalisearre restaurators . Yn grutte musea bart de restauraasje under it tafersjoch fan 'e konservator dy't oer de oangeande dielkolleksje giet.

In konservator of haadkonservator stalt fierders de permaninte tentoanstelling fan in museum gear en organisearret wikseltentoanstellings. Foar dat leste wurk kin lykwols ek in gastkonservator oanlutsen wurde, dy't spesjalisearre is oangeande it oanbelangjende underwerp. Fan in konservator wurdt ferwachte dat hy of sy de kolleksje untslut troch dy te dokumintearjen en ek troch it jaan fan lezings en it publisearjen fan publykskatalogussen en wittenskiplike artikels yn faktydskriften . Hieltyd faker bart de katalogisearring fan sa'n museumynventaris mei help fan digitale middels. In mooglike foaroplieding is foar in konservator de studzjerjochting keunstskiednis , of foar in natoerhistoarysk museum de rjochting biology .

De term 'haadkonservator' wurdt faak brukt as min ofte mear synonym mei 'museumdirekteur', al hawwe gruttere musea njonken in 'artistysk direkteur' (de haadkonservator) ek in 'ekonomysk direkteur', dy't oer de sinten giet.

Ferskil mei kurator [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In kurator is immen dy't foar in museum, meastal op projektbasis, in tentoanstelling organisearret en der de artistike ferantwurdlikheid foar nimt. Dat is mar ien fan 'e wurkmeden dy't in konservator hat, en 'konservator' is dus in folle rommer begryp. De term 'kurator' komt ut it Ingelsk , en kin tsjintwurdich as synonym mei 'tentoanstellingsgearstaller' beskoge wurde, wylst in konservator mear in 'museumoppasser' is.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .