Konkurrinsje

Ut Wikipedy
Subway , FEBO , Burger King en McDonald's : fjouwer konkurrearjende fastfoodrestaurants njonkeninoar.
Dizze side giet oer it ekonomyske begryp . Foar de striid om it gebruk fan itselde biotoop troch organismen mei oerienkomstige behoeften, sjoch: konkurrinsje (ekology) .

Konkurrinsje (fan it Franske concurrence ) is yn 'e ekonomy de striid tusken ferskate partijen om krappe helpmiddels en/of om in oandiel yn in beheinde merk . De 'partijen' (of konkurrinten ) binne derby leveransiers fan gelikense of substituearbere artikels mei deselde konsuminten . Yn sa'n sitewaasje giet de winst fan 'e iene partij almeast yn it neidiel fan de oare partijen.

Foarmen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Men underskiedt fjouwer foarmen fan ekonomyske konkurrinsje:

  • merkkonkurrinsje: konkurrinsje tusken ferskillende merken mei itselde produkt of assortimint ;
  • produktkonkurrinsje: konkurrinsje tusken ferskate produkttypen binnen in beskate produktgroep;
  • generike konkurrinsje: konkurrinsje tusken bedriuwen dy't oan itselde ferlet foldogge.
  • behoeftekonkurrinsje: konkurrinsje tusken ferskate soarten behoeften foar de befrediging werfan't in konsumint ree is om jild ut te jaan (bygelyks: tusken jild utjaan oan iten yn in restaurant of nei de bioskoop gean; of: no jild utjaan oan in ferbouwing of jild reservearje foar in fakansje )

Modellen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wittenskip fan 'e mikro-ekonomy hat ferskate wiskundige modellen untwikkele weryn't konkurrinsje as it driuwende meganisme beskoge wurdt efter de feststelling fan 'e priis . It bestean fan in grut tal oanbieders fan ferlykbere produkten of tsjinsten sil oer it algemien in drukkende ynfloed hawwe op 'e prizen. De ienfaldichste modellen oangeande priisfoarming geane derfan ut dat de merkpriis foar in beskaat produkt him earne op in kontinuum tusken twa ekstremen befynt. Derby wurde dy beide ekstremen foarme troch oan 'e iene kant in merk mei perfekte konkurrinsje en oan 'e oare kant in monopolistyske merk , der't dus hielendal gjin konkurrinsje is.

Merk mei perfekte konkurrinsje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By in sitewaasje mei perfekte konkurrinsje, ek wol folsleine konkurrinsje neamd, kin de klant frij kieze ut in grut tal lykweardige leveransiers. Der is gjin sprake fan krapte op it med fan 'e levere produkten en der binne ek gjin kwaliteitsferskillen tusken de underskate leveransiers. De merkpriis evoluearret dan nei de marzjinale kosten fan ien ekstra ienheid. Undernimmers meitsje yn in stabile, perfekt konkurrearjende merk gjin winst om't de omset dan gelyk wurdt oan 'e makke kosten.

In protte ienfaldige hushaldlike artikels en ienfaldige kantoarnedichheden (lykas balpinnen ) wurde yn in hast perfekt konkurrearjende merk ferkocht: om't der in soad leveransiers binne en amper kwaliteitsferskillen, kieze konsuminten suver altyd foar de goedkeapste leveransier. As gefolch derfan is it foar undernimmers mar kwealk mear mooglik om winst te meitsjen op 'e ferkeap fan sa'n produkt.

Monopolistyske merk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn in merk der't in monopoalje bestiet, is de klant twongen om it produkt fan ien beskate produsint te keapjen. Dertroch kin dyselde produsint foar syn produkt de priis bepale, want de klant kin nearne oars hinne om oan syn ferlet te foldwaan. Yn sa'n sitewaasje bestiet de iennichste frijheid fan 'e klant derut om te beslissen sunder it produkt te dwaan en neat te keapjen. Yn in monopolistyske merk wurdt de priis bepaald troch de maksimalisaasje fan 'e winst fan 'e monopolist (of troch in oar doel dat de monopolist neistribbet, lykas omsetmaksimalisaasje of ofsetmaksimalisaasje) yn ferhalding ta de elastisiteit fan 'e fraach. Dus de produsint kin in hege priis freegje, mar as er de priis te heech makket, kinne de konsuminten it produkt net mear betelje ek al wolle se it noch sa graach hawwe, en dan nimt de effektive fraach nei it produkt of.

In foarbyld fan in produkt dat yn in monopolistyske merk ferkocht wurdt, is de kofje yn 'e ofreishal fan in lofthaven . Der is faak mar ien oanbieder fan kofje, en derom sil dy syn kofje ferkeapje foar prizen dy't syn winst maksimalisearret en derom healwiis heech binne yn ferhalding mei de prizen fan in gewoan kafee , mar krekt leech genoch dat in modale klant noch ree is om se te beteljen. As de kofje noch djoerder wie, soe de modale klant beslute dat er wol sunder kofje koe, mei as gefolch dat de omset fan 'e oanbieder sterker omleech gean soe troch ferlies fan klandyzje as dat de winststiging troch de hegere priis goedmeitsje kinne soe.

Reele merken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Reele merken binne mar komselden perfekt konkurrinsjeel of folslein monopolistysk. Ynstee is de konkurrinsje yn 'e regel ymperfekt (of unfolslein) en leit de merkpriis earne tusken de monopoaljepriis en de marzjinale produksjekosten yn. Produsinten kinne har lykwols oan (in diel fan) de konkurrinsjedruk untluke troch produktdifferinsjaasje . Derby jout in oanbieder syn eigen produkten spesifike skaaimerken op it med fan bygelyks kwaliteit , untwerp , imago , leveringsbetingsten , ensfh. It produkt underskiedt him dermei fan 'e produkten fan 'e konkurrinten en in diel fan 'e klanten sil dertroch oan it eigen produkt bun wurde en ree weze in hegere priis te beteljen as foar de konkurrearjende produkten dy't sokke skaaimerken net hawwe.

Merkfersteurende ynfloeden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oligopoalje is in merksitewaasje werby't in beskate soarte produkten of tsjinsten oanbean wurdt troch in lyts tal leveransiers, de oligopolisten. Sokke oanbieders kinne de konkurrinsjedruk op 'e priis ferminderje troch underling priisofspraken te meitsjen en troch maatregels dy't it foar eventuele nije oanbieders dreech meitsje om in merkoandiel te feroverjen. Dat proses hjit kartelfoarming , en is oer it algemien by de wet ferbean omreden fan 'e merkfersteurende ynfloeden dy't it hat, dy't yn it neidiel fan 'e konsumint wurkje. Yn Nederlan wurdt tsjin kartelfoarming wekke troch de Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMa). In ekstreem foarbyld fan in underlinge ofspraak is in fuzje tusken eardere konkurrinten, eat dat frjemd genoch wol wer legaal is.

Wat oars dat in normale konkurrinsjesitewaasje fersteure kin, is oerheidsyngripen , lykas de ynfiering fan subsydzjes en aksynzen .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .