De term
earste ofsier
wurdt brukt foar in
funksje
yn 'e
loftfeart
en de
skipfeart
. Yn 'e boargerskipfeart is lykwols de oantsjutting
earste stjoerman
gongberder, wylst men yn 'e loftfeart ornaris sprekt fan in
ko-piloat
.
Yn 'e
boargerloftfeart
wurdt de earste ofsier yn 'e regel de ko-piloat neamd, of ek wol de
first officer
, in
Ingelske
term dy't "earste ofsier" betsjut, mei't it Ingelsk yn 'e loftfeart as ynternasjonale
lingua franca
oanholden wurdt. Oan board fan in
fleantuch
is de
gesachfierder
de
piloat
en de earst ferantwurdlike. De earste ofsier folget yn
rang
op 'e gesachfierder. Op tige lange flechten is der soms noch in trede piloat oan board om 'e oaren of te lossen, dy't dan de funksje fan twadde ofsier hat. Yn in fleantuch is it sa dat de gesachfierder lofts sit en de earste ofsier rjochts (as men harren op 'e
rech
sjocht). Yn
helikopters
is dat krektoarsom.
It eigentlike bestjoeren fan it fleantuch en it betsjinjen fan alle
apparatuer
yn 'e
cockpit
fan opstiigjen oant lanjen wurdt ornaris ferdield tusken de gesachfierder en de earste ofsier, werby't ien piloat de bestjoering docht (
pilot flying
), wylst de oare in assistearjende rol hat (
pilot monitoring
). Op 'e weromweis, of op 'e folgjende etappe fan in langere reis, wurde de rollen dan faak omdraaid. Op dy manear underhalde beide piloaten har
kennis
fan it fleanen, wylst se boppedat net oan ien wei troch op skerp hoege te stean. Dat nimt lykwols net wei dat ek as de earste ofsier fljocht, de einferantwurdlikheid foar de
feilichheid
fan it fleantuch en de ynsittenden by de gesachfierder berest.
It is almeast sa dat de gesachfierder de aldste fan 'e beide piloaten is, mei de measte fleanoeren en derom ek de measte
underfining
. Om't
loftfeartmaatskippijen
lykwols yn 'e regel harren piloaten
promoasje
jouwe op basis fan ynterne senioriteit (de datum fan yntsjinststelling by it
bedriuw
), kin it foarkomme dat in earste ofsier alder is en/of mear underfining hat as de gesachfierder as hy of sy letter yn syn of har
karriere
by de oangeande loftfeartmaatskippij yn 'e tsjinst kommen is. Syn of har fleanunderfining is dan opdien by oare loftfeartmaatskippijen of as piloat by de
loftmacht
. By oanname troch in nije
wurkjouwer
begjint eltse piloat wer underoan op 'e senioriteitslist.
By de
keapfardij
is de earste ofsier de
earste stjoerman
. By de
marine
is de earste ofsier de
militere
ofsier
oan board fan it
skip
, dy't it heechste yn
militere rang
is nei de
kommandant
(gesachfierder). Yn it militer
jargon
sprekt men ynstee fan earste ofsier fan EO, of, as yn it ramt fan 'e
NATO
Ingelsk
as fiertaal oanholden wurdt, fan FO. By de marine is de earste ofsier ek de pleatsferfangend skipskommandant en is hy of sy ferantwurdlik foar it deistich riden en farren oan board fan it skip.