한국   대만   중국   일본 
Klarinet - Wikipedy Springe nei ynhald

Klarinet

Ut Wikipedy
Metalen G-klarinet ( Balkan ),
Bes-klarinet Bohm-systeem ,
Bes-klarinet Albert-systeem ,
B-klarinet ut 1910
Microtonale Kwarttoanklarinet mei 24 toetsen it oktaaf

De klarinet is in blaasynstrumint . Yn it symfony - en harmony-orkest wurdt it by de houtblazers rekken.De namme is in ferlytsingswurd fan it Italjaanske clarino , in soarte trompet . De klarinet bestiet ut in silindryske holle piip mei gatten, der't guon fan mei de fingers ofdutsen wurde en oaren mei in klep. De gatten dy't mei de fingers ofdutsen wurde lizzen buten it berik fan de fingers. It utein rint ut yn in trachter dy't klankbeker neamd wurdt. Dermei wurdt der foar soarge dat de akoestyske ympedansje fan de buis better oanpast is oan de lucht en de klarinet mear lud makket, benammen by lege toanen. Klarinetten wurde meast makke fan hout (benammen ebben), mar ek oare materialen lykas metaal en hjoed de dei (2007) keunstof.

Mulestik klarinet

De ludsproduksje begjint eins yn it mulestik. De klarinettist set de boppetosken op it mulestik en de underlippe tsjin it reid dat tsjin it mulestik oanbun of klamme is. Troch lucht tusken it mulestik en it reid troch te blazen begjint it reid te trilje. Dat hat ynfloed op de toanhichte en de klankkleur. It triljen fan it reid set de lucht yn de klarinet ek yn beweging sadat der lud (en hooplik muzyk) makke wurdt. De akoestyske ympedansje fan de buis nei it reid soarget foar de mooglik te meitsjen toanhichtes. In oan ien kant tichte silindryske buis smyt in boppetoanrige mei allinnich uneven harmoynysken. Dertroch blaast in klarinet oer in 'duodecime' yn stee fan oer in oktaaf lykas by de measte oare blaasynstruminten.

De midsiuwske foarrinner fan de klarinet, as inkeldreid-ynstrumint, is de caulumeau . De utfiner fan de klarinet hat foar 't neist Johan Christoph Denner om 1690 hinne west. De meast brukte klarinet is de Bes-klarinet, dy is sa'n 66 sm lang. Foarhinne waard foar alle toansoarten in oare klarinet brukt (de klarinet spile winlik in grepeskrift). Troch de iuwen hinne hat de klarinet him hieltyd fierder untjun. Yn Belgje en de rest fan de wrald wurdt ornaris it Bohm-systeem fan kleppen/brillen brukt. Utsunderings binne Dutslan en Eastenryk . Dat binne de leste lannen der't it (minder logyske) Albert-systeem en Oehler-systeem wizansje binne. Yn de measte Nederlanske profesjonele orkesten bruke se in unyk hybride systeem, de saneamde "reform Bohm" klarinet. Dat is yn wezen in klarinet mei in Franske (les: Bohm) applikatuer, en in Dutske klankbuis.

Tsjintwurdich wurde benammen de Bes-, en inkeld de A-klarinet brukt. De hege Es-klarinet wurdt benammen brukt yn harmony-orkesten , inkeld yn symfony -orkesten as pikkolo-klarinet en inkeldris as les-klarinet. Foar lesdoeleinenwurdt de leste jierren hieltyd faker de C-klarinet oanret en boud. Der is in noch lytsere klarinet, de As-klarinet, dy't by hege utsundering yn clarinet-choirs brukt wurdt. Yn Sud-Jeropeeske lannen en nei't sein wurdt yn Austraalje wurdt dat ynstrumint faker brukt. De C-klarinet wurdt wolris troch klarinettisten brukt as se in partij mei net-transponearjende ynstruminten meiblaze moatte. De C-klarinet is nammentlik de iennichste klarinet dy't net transponearret. Omdat in klarinet oerblaast op de duodecime (oktaaf+kwint0 is it berik hiel grut. Neidiel is dan wer dat der in hiel soad kleppen oan te pas komme om dy ynterfallen te oerbregjen. De Bes-klarinet hat in (klinkend) toanberik fan d - c''''.

Njonken de gewoane klarinet binne der ek bas-, tenoar- en altfarianten: de basklarinet yn Bes, de altklarinet yn E. De bassethoarn yn F is yn wezen gjin hoarn mar in wat hegere altklarinet. De bassetklarinet wie populer yn de tiid fan Wolfgang Amadeus Mozart : syn Konsert KV622 is oarspronklik foar dit muzykynstrumint skreaun. Der binne - nei't sein wurdt - gjin histoaryske eksimplaren fan it ynstrumint mear, mar it wurdt noch wol nij boud. Betiizje dit ynstrumint foaral net mei de bassethoarn , it is in hiel oar ynstrumint. De bassetklarinet stiet yn A, mar hat in tal tafoege kleppen en dertroch is it berik yn de leechte grutter. Tsjintwurdige utfierings fan it klarinetkonsert fan Mozart wurde hast altyd dien op de A-klarinet, hjir en der wurde in tal noaten dan oktavearre. Fierder binne der tsjintwurdich noch de ek as solo-ynstrumint in soad brukte basklarinet yn Bes en de seldsumer kontrabasklarinet (ek yn Bes). By de basklarinet is noch op te merken dat dy oarspronklik in oktaaf leger wie as de Bes-klarinet, mei as leechste toan in E. Yn neifolging fan de bassetklarinet binne der yn de 19e iuw ek in tal kleppen oan tafoege, sadat de leechste toan C is. In bysundere fariant is de kwarttoanklarinet der't de kwarttoanmuzyk dy't yn de earste helte fan de 20e iuw opgong makke makliker mei te spyljen wie. Yn in tal lannen (b.g. Itaalje ) wurde Bes-klarinet ek wol brukt mei in ekstra klep nei Es, sadat foar in partij yn a (oarspronklik bedoeld foar A-klarinet) gjin wikseling fan ynstrumint nedich wie.

Troch it yn it mulestik oanwezige (inkeld) reid wurdt de klarinettist ek wol reidblazer neamd, krekt as de hobo (dubelreid), de fagot (dubelreid) en saksofoan (inkeld reid). Alle neamde reidblaasynstruminten wurde (oft se no fan hout binne of net) houtblazers neamd.