Keunsttaal

Ut Wikipedy

In keunsttaal is in taal dy't utfun is om oan in beskaat ferlet te foldwaan. Sa binne ferskate keunsttalen gearstald om te tsjinjen as medium foar ynternasjonale kommunikaasje, om sa it probleem fan 'e spraakbetizing op te lossen. Sokke keunsttalen wurde gauris oantsjut as "universele talen" of "helptalen". Derby moat oantekene wurde dat soks net bjuster suksesfol west hat. In foarbyld fan sa'n soarte keunsttaal is yn it foarste plak it Esperanto , dat yn 1887 troch de Poalsk - Joadske taalkundige Ludwik Lejzer Zamenhof skepen waard. Tsjintwurdich sprekke wraldwiid mear as 2 miljoen minsken floeiend Esperanto, en dermei is dy taal fierwei it suksesfolst fan alle keunsttalen. Soartgelikense talen binne it Ynterlingua (1.500 brukers); it Ido (100-200 brukers); it Volapuk (20 brukers); en it Novial . In foarbyld fan in helptaal dy't net as wraldtaal ornearre is, is it Ynterslavysk , in saneamde zonale keunsttaal, d.w.s. in taal foar kommunikaasje tusken sprekkers fan ien bepaalde taalfamylje .

Fierders binne guon keunsttalen ek yn it libben roppen om kompjuters mei te programmearjen (bgl. BASIC ), om mei robots te kommunisearjen, of om minsken mei learswierrichheden te helpen (bgl. blissymbolics ). Dernjonken binne beskate keunsttalen betocht en utwurke by wize fan it jaan fan eftergrun oan wurken fan literatuer , film en tillefyzje . Derby moat men tinke oan it Quenya , de taal fan 'e elven yn J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings , of oan it Klingon , in taal fan butenierdske wezens ut 'e Amerikaanske tillefyzjerige Star Trek , dy't utwurke waard troch de taalkundige Marc Okrand .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David , The Penguin Dictionary of Language (Second Edition) , Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163 , s. 24.