Keapman

Ut Wikipedy
keaplju yn de haven fan Dantzig , 17e iuw

In keapman (meartal: keaplju ; as froulike foarm wurdt soms keapfrou brukt) is in persoan dy't keapwaar opkeapet en dernei trochferkeapet mei as doel om derby winst te meitsjen. Derby fungearret er yn 'e regel as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, hoewol't it ek weze kin dat der ek noch ien of mear oare keaplju tuskenyn sitte. It belang fan keaplju is dat se keapwaar faak opkeapje op ien plak (bgl, om it foarbyld fan 'e VOC te bruken, yn Nederlansk-Ynje ) en it wer ferkeapje op in oar plak (yn it gefal fan dit foarbyld Nederlan ). Mar de ofstan hoecht fansels net sa grut te wezen; foarhinne bestiene yn Fryslan bgl. buterkeaplju , dy't by de boeren buter opkochten en it yn 'e sted (of yn gruttere doarpen ) wer ferkochten oan 'e boargers. Ek is it mooglik dat keaplju op ien en itselde plak fungearje as tuskenpersoan tusken de produsint en de konsumint, sadat de produsint him net ek ta hoecht te lizzen op ferkeap. Ut dit soarte fan hannel (of mei in ald wurd keappenskip , utspr.: "kjeppenskip") is de moderne detailhannel untstien, en winkellju , dy't tsjintwurdich yn 'e regel net mear as keaplju sjoen wurde, wiene dat fan alds wol. In winkelman is dan goed en wol beskoge ek neat oars as in sedintere keapman, yn tsjinstelling ta de omreizgjende kreammers en sutelders fan eartiids of de hjoeddeistige merkkeaplju .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References and sources , op dizze side .