한국   대만   중국   일본 
Keamer - Wikipedy Springe nei ynhald

Keamer

Ut Wikipedy
In modern hus mei in iepen plan, werby't koken en wenkeamer ien romte foarmje.
Dizze side giet oer it fertrek . Foar oare betsjuttings, sjoch: keamer (betsjuttingsside) .

In keamer (fan it Franske chambre ) is in gruttere romte yn in gebou , lykas in hus , paleis , kastiel , sikehus of kantoargebou . De meast foarkommende soarten fan keamers binne de koken , wenkeamer , sliepkeamer , badkeamer en bykoken . Sokke fertrekken wurde troch muorren , in flier en in plafon ofsletten fan 'e rest fan it gebou en binne tagonklik troch ien of mear doarren . Ornaris hawwe se ek ien of mear finsters , dy't ljocht fan butendoar talitte en iepenset wurde kinne foar frisse lucht of ferkuolling.

In balkon is gjin keamer om't it gjin plafon of muorren oan alle kanten hat. In garaazje is gjin keamer om't it gjin diel utmakket fan in hus, hoewol't yn (of boppe) in garaazje wol keamers ynboud wurde kinne. Lytsere romten yn in gebou, lykas in huske , hal , gong of oerrin , wurde ornaris net oantsjut mei de term 'keamer'. Ek de kelder en de souder binne yn prinsipe gjin keamers (want it binne ferdjippings ), mar as se mar ien fertrek omfetsje, kinne se wol foar keamers trochgean. In tige grutte keamer neamt men in seal .

Keamers hawwe ornaris in funksje dy't al blykt ut 'e namme: in sliepkeamer is om yn te sliepen , in ytkeamer om yn te iten en in studearkeamer om yn te studearjen of oare soksoarte dingen te dwaan, lykas boekhalden . In wenkeamer is de beneaming foar it diel fan it hus der't de bewenners it grutste part fan 'e dei trochbringe. Yn aldere huzen is dat fertrek faak opdield yn in ytkeamer en in sitkeamer, mar in modernere yndieling is om der ien romte fan te meitsjen, mei in diel foar in yttafel om by te iten en in oare diel mei in salontafel om noflik te sitten en gasten te untfangen. Noch wer nijer binne wenten mei in hiel iepen plan, werby't ek de koken, der't men iten klearmakket, by de wenkeamer lutsen wurdt.

Ferskillende soarten keamers binne:


Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , op dizze side .