Kategorisaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kategory )
Kategory wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: kategory (betsjuttingsside) .

Kategorisaasje (fan it Franske categorisation ) of kategorisearring is in aktiviteit dy't bestiet ut it pleatsen fan dingen ( foarwerpen , ideeen , bisten , minsken ) nei lyksoartichheid yn byinoar hearrende groepen, dy't kategoryen neamd wurde. Dertroch kinne minsken dingen, foarwerpen, ideeen, ensfh., der't se mei te krijen hawwe of dy't om har hinne besteane, organisearje. Sa'n organisearring troch yndieling yn byinoar hearrende groepen helpt by it ferienfaldigjen fan 'e wrald, wat ta in better begryp liedt. Kategorisearjen kin in ferbale of non-ferbale aktiviteit weze.

Behalven minsken dogge ek bisten soks op in ferienfaldige, unbewust nivo. As der by jin bgl. in frjemd yn 'e hus komt, sil jins hun of kat dy persoan yn 'e rekken halde oant dudlik is yn hokfoar kategory hy of sy pleatst wurde kin. As der immen ynkomt, dy't gauris by jin delkomt, sille hun en kat eefkes opsjen, mar har daliks wer deljaan.

Minsken kinne sawol konkrete objekten en wezens as abstrakte ideeen werkenne, faninoar underskiede en begripe troch it proses fan kategorisaasje. De grunslach fan kategorisaasje is dat dingen dy't ta in beskate _kategory hearre, underskaat wurde fan dingen dy't der net ta hearre troch harren skaaimerken. Kategorisaasje is wichtich foar learen , foarsizzing fan wat der barre sil, it nimmen fan besluten, it begryp fan taal en de ynteraksje fan libbene wezens mei harren om-en-by.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .