한국   대만   중국   일본 
Katedraal fan Canterbury - Wikipedy Springe nei ynhald

Katedraal fan Canterbury

Ut Wikipedy
Katedraal fan Canterbury
Lokaasje
lan Ingelan
greefskip Kent
plak Canterbury
adres 25 The Precincts, Canterbury CT1 2EH
koordinaten 51° 16' N 1° 5' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
aartsbisdom Canterbury
patroanhillige Kristus de Ferlosser
Arsjitektuer
boujier 1070?1834
boustyl gotyk
monumintale status UNESCO - wralderfgoed
Webside
www.canterbury-cathedral.org
Kaart
Katedraal fan Canterbury (Kent)
Katedraal fan Canterbury

De Katedraal fan Canterbury yn it Ingelske greefskip Kent is ien fan 'e aldste en meast ferneamde kristlike gebouwen yn Ingelan . It is de katedraal fan 'e aartsbiskop fan Canterbury, de lieder fan de Church of England en symboalysk lieder fan 'e anglikaanske mienskip fan 'e wrald. De formele namme is de Katedraal en Metropolityske Tsjerke fan Kristus yn Canterbury .

Stifte yn 597 waard de katedraal folslein op 'e nij boud tusken 1070 en 1077. Oan it begjin fan de 12e iuw waard it eastlike ein in stik grutte makke en nei in bran yn 1174 foar it measte weropboud yn goatyske styl mei mear utwreidings nei it easten ta om de grutte kliber pylgers op te fangen, dy't by de skryn fan Thomas Becket hulde brochten, de aartsbiskop dy't yn 1170 yn de katedraal fermoarde waard. It Normandyske skip en de krusbeuken oerlibben oant de lette 14e iuw, doe't se ofbrutsen waarden om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske bou.

Foar de Ingelske reformaasje makke de katedraal diel ut fan in benediktynske kleastermienskip dy't bekend stie as Christ Church Canterbury .

Mei syn 72 meter hege fieringstoer, de saneamde Bell Harry , foarmet de katedraal in masterlik foarbyld fan romaanske en goatyske boukeunst. Tegearre mei de abdij fan Canterbury en de alde Church of St. Martin stiet de katedraal ynskreaun op 'e list fan it UNESCO - wralderfgoed .

Iere skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Romeinske skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e 3e en nei de bekearing fan Augustinus fan Hippo yn 'e 4e iuw naam de ynfloed fan it Kristendom stadichoan ta. De earste biskop fan 'e katedraal wie Augustinus, abt fan de benediktynske Sint-Andreasabdij yn Rome . Paus Gregorius de Grutte stjoerde de abt yn 596 nei Ingelan as misjonaris under de Angelsaksen . Der stifte Augustinus yn 597 de katedraal en wijde dy oan Kristus de Ferlosser. Augustinus fan Canterbury wie de earste biskop en nei de stifting fan mear bisdommen yn it lan waard er aartsbiskop. Augustinus stifte buten de stedsmuorren ek de Petrus en Paulusabdij. Letter waard dy abdij oan Augustinus sels wijd en iuwenlang bleau dat it plak der't de aartsbiskoppen begroeven waarden.

Angelsaksyske skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De muonts Beda skreau dat Augustinus foar de stifting fan de katedraal in eardere romeinske tsjerke brukt hie. De aldste resten dy't by de opgravings under it tsjintwurdige tsjerkeskip yn 1993 fun waarden wiene lykwols dielen fan in angelsaksysk gebou, dat oer in romeinske wei hinne boud wie. De resten wiisden ut dat de oarspronklike tsjerke ut in skip, mooglik mei in narteks , en sydkapellen oan de noardlike en sudlike kant bestie. Yn de 9e of 10e iuw waard dy tsjerke ferfongen troch in grutter gebou mei in rjochthoekich westlik ein. It liket der op de tsjerke in fjouwerkante sintrale toer hie. De 11e-iuwske kronykskriuwer Eadmer, dy't as jonge noch de saksyske katedraal kind hie, skreau dat de tsjerke yn de opbou op de Sint-Piter fan Rome like, in oanwizing dat it in basilikale foarm hie mei in eastlike apsis .

Under aartsbiskop Dunstan waard in benediktynske abdij mei de namme Christ Church Priory tafoege oan de katedraal. De kleastermienskip funksjonearre lykwols pas folslein nei't Lanfranc aartsbiskop oantreden wie.

De ynfallen fan de Wytsings brochten yn 1011 grutte skea oan de katedraal fan Canterbury. De ynfallers namen aartbiskop Ælfheah finzen en fermoarden him yn Greenwich op 19 april 1012. It wie de earste fan in rige aartbiskoppen fan Canterbury dy't de martlerdea stoar.

Normandyske skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Augustinustroan

In jier nei de Normandyske Ferovering yn 1066 waard de alde katedraal ferneatige troch bran. De weropbou sette utein yn 1070 under de earste Normandyske aartsbiskop Lanfranc (1070?1077). Hy liet de resten fan de alde katedraal opromje en boude in nije katedraal neffens in untwerp dat in soad hie fan de abdij Saint-Etienne yn Caen , der er earder abt west hie. Derby brukte er stien ut Frankryk. De nije tsjerke wie in krusfoarmich gebou mei in njoggen traveeen tellend skip, in pear tuorren oan de westlike kant, in transept mei kapellen, in lege fieringstoer en in koart koer dat einige yn trije apsissen . Yn 1077 waard de katedraal ynwijd.

Plattegrun fan de yn 1126 foltoge katedraal.

Under de opfolger fan Lanfranc, Anselmus, dy't fanwegen ferset tsjin de Ingelske keningen oant twa kear ta ferballe waard ut it lan, lei de ferantwurdlikens foar de bou en de ferbettering fan de struktuer foar in grut part yn de hannen fan de priors. Nei't Ernulfus troch Anselmus oansteld waard as prior liet dy it eastlike diel fan Lanfranc ofbrekke en ferfange troch in folle grutter eastlik ein wermei de lingte fan de katedraal ferdubele. Under de katedraal kaam in grutte en ryk dekorearre krypte. De opfolger fan Ernulfus foltoge it projekt yn 1126. It nije koer krige in eigen transept en it eastlike ein wie healrun en hie in koeromgong mei trije kapellen.

Alhoewol't de saneamde Augustustinustroan ( Chair of St Augustine ) ferneamd waard nei aartsbiskop Augustinus , datearret de troan nei alle gedachten pas ut de Normandyske tiid. Yn 1205 waard der foar it earst festlein dat der gebruk fan makke waard.

Martlerskip fan Thomas Becket [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Thomas Becket-finster.

Wichtich foar de skiednis fan 'e katedraal wie de moard op aartsbiskop Thomas Becket op tiisdei 29 desimber 1170 yn it noardwestlike transept. De dieders wiene ridders fan kening Hindrik II, dy't noch alris spul hie mei de eigensinnige aartsbiskop. De kening soe yn oerdrachtlike sin roppen ha "Soe dan nimmen my fan dy balstjurrige preester ofhelpe kinne?". Fjouwer ridders namen dy wurden lykwols letterlik en deaden de aartsbiskop yn syn eigen katedraal. Nei Ælfheah wie Becket de twadde aartsbiskop fan Canterbury dy't fermoarde waard.

Nei de moard op Thomas Becket waard de katedraal in beafeartsplak foar pylgers. Dat brocht sawol de needsaak om de katedraal ut te wreidzjen as ek de rykdom dy't dat mooglik makke.

De bou fan de hjoeddeiske katedraal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bran fan 1174 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Becket's Crown.

Fanwegen in bran yn septimber 1174 moast it koer rekonstruearre wurde. De weropbou waard tige krekt festlein troch in muonts mei de namme Gervasius. De krypte bleau yntakt en de butenmuorren fan it koer koene wer brukt wurde, dy't yn de rin fan de weropbou ferhege waarden mei 3,7 meter. De runbogige finsters bleaune der itselde, mar fierder waard alles yn goatyske styl oanpast mei puntige bogen, in ribferwulft en loftbogen. De kalkstien waardfoar dat doel ymportearre ut Caen, Frankryk. Yn 1180 koe it koer wer brukt wurde en de reliken fan de aartbiskoppen Dunstan en Ælfheah ferhuzen fanut de krypte derhinne.

De weropbou fan it koer stie under lieding fan de Fransman Willem fan Sens, dy't ynfloeden fan de iere Franske gotyk (u.o. fan de katedralen fan Sens en Saint-Denis) yn it wurk meinaam. Nei't Willem fan Sens yn 1179 swier ferwune rekke by de fal fan in bousteger, moast er ferfongen wurde troch ien fan syn meiwurkers, dy't bekend waard under de namme Willem de Ingelskman.

Detail fan de tombe fan de Swarte Prins.

Trije-ienheidskapel en de skryn fan Thomas Becket [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e jierren 1180-1184 waard u.l.f. Willem de Ingelskman op it plak fan de alde eastlike kapel de hjoeddeiske Trije-ienheidskapel ( Trinity Chapel ) boud om der de skryn foar Thomas Becket yn under te bringen. Der waard noch in rune kapel tafoege foar mear oantinkens fan Becket. Oannommen wurdt dat der ek de boppekant fan de plasse fan Becket bewarre waard. Dy kapel waard bekend as Corona of Becket's Crown . Dy nije dielen eastlik fan it koer waarden boud boppe in hegere krypte dan it koer fan Ernulfus, sadat der treppen nedich wiene tusken de twa nivo's. It wurk duorre oant 1184, mar de oerbliuwsels fan Becket waarden pas yn 1220 nei it nije plak oerbrocht. Oare belangrike bysettings yn de Trije-ienheidskapel binne dy fan Edward Plantagenet (de "Swarte Prins") en kening Hindrik IV .

De skryn yn 'e Trije-ienheidskapel waard fuort boven it oarspronklike plak yn de krypte delset. Op in moarmeren sokkel stie in kist fan goud en sulver (of neffens oaren belein mei goud en sulver), dy't mei kostbere fonkelstiennen belein wie. Yn de rin fan de tiid waarden der in soad votyfgeskinken tafoege. De pylgers dy't de skryn besochten soargen foar it ynkommen, der't de weropbou fan de katedraal en oare bygebouwen mei betelle wurde koe.

Yn 1538 yn 'e tiid dat yn Ingelan de abdijen waarden untbun, waard de skryn ferwidere nei't kening Hindrik VIII de deade hillige foar de rjochtbank dage liet op beskuldigign fan ferried. Becket kaam fansels net en waard by ferstek skuldich ferklearje. De skryn waard mei alle skatten yn beslach nommen en yn twa koffers en 26 karren ut de katedraal helle.

De kleastergebouwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in tekening ut 1165 fan de katedraal en it kleaster yn fugelflecht wie Canterbury neffens de prinsipes fan Byzantynske kleasters yndield. Oars as wenst stiene de kleastergebouwen noardlik ynstee fan sudlik fan de tsjerke. It apart steande kapittelhus bestiet noch altiten en der wurdt ornearre dat it it grutste fan syn soarte yn Ingelan is. De branskildere ramen fan it kapitelhus litte foarstellings sjen fan de skiednis fan Canterbury.

Oan 'e noardlike kant stie it kleaster en de gebouwen dy't ornearre wiene foar it monastike libben. Eastlik en westlik derfan stiene de gebouwen dy't wijd wiene oan it utoefenjen fan gastfrijheid. Noardlik derfan lei in grutte iepen hof dy't de kleastergebouwen fan de bedriuwsgebouwen skiede. Buten it kleasterkompleks leine noch de gebouwen foar de opfang fan de alderearmsten.

13e iuwsk finster mei pylgers.

14e en 15e iuw [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It skip fan de katedraal yn de styl fan de letgoatyske Ingelske gotyk

Yn it begjin fan 'e 14e iuw waard in stiennen doksaal boud. Ek fun de weropbou fan it kapittelhus plak. Mar in ierdskodding yn 1382 brocht grutte skea oan de katedraal, werby't de klokken en klokketoer ferlern gyngen. Op de Normandyske funeminten waarden under lieding fan Henry Yevele yn it leste stik fan de 14e iuw it skip en de dwersskepen folslein op 'e nij boud yn in rike, dekorative perpendicular-styl . Yn tsjinstelling fan de doe ek ferboude katedraal fan Winchester, der't in soad fan de besteande struktuer bewarre en renovearre waard, waarden yn de katedraal fan Canterbury de pylders hielendal ferwidere en ferfongen troch smellere goatyske. Ek waarden de muorren fan de alde sydbeuken hielendal delhelle, mei utsundering fan in diel fan it underste sudlike muorrewurk. Mear fan de Normandyske struktuer bleau bewarre yn de transepten, benammen yn de eastlike muorren. Ek de apsissen waarden noch net ferfongen. Oan it eastlike ein fan it skip waard in nij doksaal boud, werby't it besteande doksaal waard yntegrearre. De Normandyske stiennen flier fan it skip bleau lykwols lizzen, oant it yn 1786 ferfongen waard.

Brek oan jild en it jaan fan foarrang oan 'e weropbou fan de kleastergebouwen en it kapittelhus soargen der foar dat de westlike tuorren ynearsten gjin prioriteit hiene. It duorre noch oant 1458 ear't de sudwestlike toer ferfongen wie. De Normandyske noardwestlike bleau noch stean oant 1834, doe't it troch in replika ferfongen waard fan de oare toer.

Yn 1430 waard de apsis fan it sudlike transept ferfongen foar de bou fan in oan Sint-Michael en Alderheljen wijde kapel. Tusken 1448 en 1455 waard ek de apsis fan it noardlike transept ferfongen troch in Marije-kapel.

Gravure ut 1821 mei de noch Normandyske noardwestlike toer.

Alhoewol't der inkelde desinnia earder al in oanset makke wie mei de bou fan de nije pylders, waard der yn 1433 utein set mei de bou fan de 72 meter hege fieringstoer. De toer krige de bynamme Angel Steeple , om't op ien fan de pinakels eartiids in fergulde ingel stie.

Moderne tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doksaal.

Mei de opheffing fan al it kleasterlibben yn Ingelan yn 1534 kaam der ek in ein oan 'e kleasterfunksje fan de katedraal. Yn maart 1539 kaam der foar Canterbury in ein oan iuwenlange oanwezigen fan benediktynsk kleasterlibben. It bestjoer fan de tsjerke gyng oer op in kolleezje fan sekuliere koarhearen. De skryn fan Thomas Becket waard yn opdracht fan Hindrik VIII untmantele en syn reliken gyngen ferlern.

Grunplan fan de hjoeddeiske katedraal.

Yn de jierren 1642-1643 brochten puritynske byldenstoarmers by in suvering skea oan de katedraal. Derby gyngen ek it Kristusbyld fan it poartegebou ( Christ Church Gate ) en de houten doarren ferlern. De houten doarren waarden al yn 1660 hersteld en tagelyk begun doe ek in soad reparaasjewurk oan de katedraal. Yn 1990 krige it lege plak oan de poarte wer in nij byld fan bruns fan de keunster Klaus Ringwald.

De measte bylden oan 'e westlike gevel datearje ut de jierren 1860. Foar dy tiid wiene de nissen leech. De doedestiidske dekaan fan de katedraal fun dat it oansjen fan de katedraal ferbettere as de nissen wer folle waarden mei nije bylden. De bylden binne benammen makke troch de Fiktoriaanske byldhouwer Theodore Pfyffers. Op it stuit binne der 53 bylden fan persoanen, dy't fan ynfloed west ha op skiednis fan de katedraal. Derunder binne geastliken, leden fan de keninklike famylje (werunder Elizabeth II ), hilligen en teologen. Ek katolike en anglikaanske aartbiskoppen binne fertsjintwurdige.

18e iuw oant hjoeddedei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Poartegebou mei Kristusbyld.

De oarspronklike tuorren fan it poartegebou waarden yn 1803 ferwidere en ferfongen yn 1937. Yn 1990 krige ek in byld fan Kristus wer in plak oan de gevel.

De oarspronklike Normandyske toer op it noardwesten, dy't oant 1705 in spits hie, moast fanwegen biuwende swierrichheden yn 1834 ofbrutsen en ferfongen wurde troch in replika fan de sudwestlike toer yn perpendicular-styl. It wie oant no ta de leste grutte feroaring oan it bouwurk.

Yn septimber 1872 waard in grut part fan it dak fan de Trije-ienheidskapel ferneatige troch bran. De rest fan de kapel bleau foar it measte yntakt en de skea wie gaueftich ferholpen.

Yn 'e Twadde Wraldkriich waard de bibleteek by loftoanfallen ferneatige, mar de katedraal hie der net in soad fan te lijen. De branwar wist al gau it fjoer op it houten dak te dwesten.

Ramen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Branskildere raam.

De aldste branskildere ramen yn 'e katedraal stamme ut de lette 12e iuw. Oaren binne fan folle resintere datum, lykas de fjouwer ramen ut 1957 fan Ervin Bossanyi yn it sudeastlike transept. De measte ramen binne tsjintwurdich konservearre.

Oargel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It trijemanualige oargel fan 'e katedraal waard boud troch Henry Willis mei gebruk fan materjaal fan aldere ynstruminten. Nei ferskate feroarings waard it ynstrumint yn 1980 troch de oargelbouwer N. Mander wizige en yn in nij front opsteld. Derby waard oan de noardlike muorre noch in manuaalwurk boud, dat fan it haadwurk ut oanspile wurde kin. It ynstrumint hat tsjintwurdich 60 registers op trije manualen en pedaal.

Krypten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De westlike krypte waard yn 'e 12e iuw boud. Der is in muorre bewarre bleaun fan 'e eardere tsjerke ut 1077. De westlike krypte jout tagong ta de skatkeamer fan de katedraal, der't gouden en sulveren keunstwurken te sjen binne.

Yn 'e eastlike krypte waard Thomas Becket byset. Syn resten binne nei de bou derfan oerbrocht nei de Trije-ienheidskapel. De fiifskippige krypte heart noch ta de dielen dy't fan 'e romaanske tsjerke ut it ein fan 'e 11e iuw stamme.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Canterbury Cathedral


{DEFAULTSORT:Cantebury}}