한국   대만   중국   일본 
Kastylje - Wikipedy Springe nei ynhald

Kastylje

Ut Wikipedy
It histoaryske Kastylje op de Spaanske lankaart (ingere en bredere ynterpretaasje).
Dizze side giet oer de histoaryske regio Kastylje . Foar oare betsjuttings, sjoch: Kastylje (betsjuttingsside) .

Kastylje ( Spaansk : Castilla ) is in Spaanske lanstreek en in earder keninkryk op it Ibearysk Skiereilan , werfan't de namme letterlik "Lan fan Kastielen" betsjut, wat ferwiist nei it grutte tal kastielen dat der yn 'e Iere Midsiuwen boud waard yn ferban mei de Reconquista tsjin 'e Moaren . As histoaryske regio beslacht Kastylje yn ingere sin de lanstreken Ald-Kastylje (ruchwei benoarden Madrid ) en Nij-Kastylje (ruchwei besuden Madrid), mei deropta de regio Madrid sels. Yn 'e bredere sin omfiemet it de hjoeddeistige Spaanske autonome mienskippen Kastylje-La Mansja , Kastylje-Leon , Madrid , Kantaabrje en La Riocha .

It Keninkryk Kastylje untstie oarspronklik ut it Keninkryk Leon , dat sels wer ut it Keninkryk Astuerje fuortkommen wie. It eastlike part fan it Keninkryk Leon, it Greefskip Kastylje (de krite om Burgos hinne), krige yn 931 under greve Fernan Gonzalez autonomy . Yn 1037 waard it foar it ferheft ta de status fan in keninkryk, en yn 1065 waard it under kening Sancho II in unofhinklik lan.

Neitiid bestie der tusken 1072 en 1157 in personele uny tusken de keninkriken Kastylje en Leon, en yn 1230 krige de ban tusken de beide lannen under it regear fan kening Ferdinand III in permanint karakter doe't se beide opgiene yn in nij steatsferban, dat de namme krige fan de Kroan fan Kastylje . Dat ryk wreide him troch de ferovering fan Moarske gebieten almar fierder nei it suden ta ut. De Kroan fan Kastylje waard oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw ferbun mei de Kroan fan Aragon , dy't de eastkust fan it Ibearysk Skiereilan besloech, troch it houlik tusken keninginne Isabella I fan Kastylje mei kening Ferdinand II fan Aragon . Yn 1516 , doe't harren bernsbern Karel V kening fan sawol Kastylje as Aragon waard, kamen dy beide lannen byinoar te hearren. Dat wurdt as de stifting fan Spanje beskoge. Lykwols soe it noch oant de ein fan 'e Spaanske Suksesjeoarloch , yn 1715 , duorje, ear't alle regearingsynstansjes fan 'e beide keninkriken ek wier feriene waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .