한국   대만   중국   일본 
Karakum - Wikipedy Springe nei ynhald

Karakum

Ut Wikipedy
Lizzing fan de Karakum (mids-lofts), yn it giel de alde siderute
Yn de Karakum

De Karakum of Karakum , ek wol Kara-Kum en Gara Gum (“Swart San”) ( Turksk : Karakum , Russysk : Каракумы ; Karakoem ) is in woastyn yn Sintraal-Aazje . De woastyn beslacht 70% (sa’n 350.000 km²) fan Turkmenistan . It gebiet is tige tinbefolke, likernoch ien persoan de 6,5 km². It reint der faak mar ienris yn de tsien jier.

Lokaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De woastyn leit beeasten de Kaspyske See , mei de Aralmar yn it noarden, en de rivier Amu Darja en de woastyn Kyzylkum yn it noardeasten.

Hydrografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Murghabrivier en Tejenrivier streame ut it Hindoekoesjberchtme wei nei it suden en wurde wei yn de woastyn, der’t har wetter foar irrigaasje brukt wurdt.

De woastyn rint it grutste irrigaasjekanaal fan de wrald trochhinne, it Karakumkanaal . De oanlis fan it kanaal waard yn 1954 mei uteinset. It is 1.375 km lang en der giet 13-20 km³ wetter it jier trochhinne. Lekkerij fan it kanaal binne marren en fivers oan de kades troch untstien.

Ekonomy en ferfier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oazes fan Mary en Tejen binne ferneamd om har katoenplantaazjes . It gebiet hat ek in grutte foarrie ierdoalje - en ierdgas . De woastyn wurdt trochkrust troch it Trans-Kaspyske spoar