Kaptein (rang)

Ut Wikipedy

In kaptein is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen . Dizze rang komt foar by de lanmacht , de loftmacht , de maresjesee en de mariniers . De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse aldste kategory . Troch leken op it med fan 'e kriichsmacht wurdt faak understeld dat in kaptein by de lan- of loftmacht fan ekwivalinte rang is mei in kaptein-op-see by de marine, mar dat is sa net; kaptein-op-see is in hegere rang, dy't ekwivalint is oan in kolonel by de lan- of loftmacht.

Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan kaptein by de loftmacht flechtluitenant . Yn it Nederlanske leger is by de kavalery , in underdiel fan 'e lanmacht, de ekwivalinte rang ritmaster . De oansprektitel fan in kaptein is "kaptein" (of "ritmaster" by de kavalery). De boppelizzende rang is majoar , en de underlizzende rang is earste luitenant . Dermei is kaptein de heechste subalterne ofsiersrang . De term 'kaptein' komt fan it Grykske wurd κατεπ?νω, katepan? , dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it Byzantynske Ryk . Yn it Nederlanske leger hat kaptein de aldere rang fan hopman ferfongen.

Skematysk oersjoch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oersjoch fan 'e kapteinsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtunderdielen:

lanmacht
en mariniers
marine loftmacht
kaptein luitenant-op-see 2e klasse kaptein
of flechtluitenant

Yn 'e Nederlanske kriichsmacht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

(oansprektitels kursyf werjun)

Keninklike Lanmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-2
kaptein
kaptein
(by de kavalery ritmaster , ritmaster )
luitenant-op-see 2e klasse aldste kategory
mynhear/mefrou
(by it Korps Mariniers: kaptein )
kaptein
kaptein
kaptein
kaptein

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .