한국   대만   중국   일본 
Kai Nobel - Wikipedy Springe nei ynhald

Kai Nobel

Ut Wikipedy
Kai Nobel
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Sandy Peach, Kajsa-Lotta
echte namme Kai Nobel
nasjonaliteit Sweedsk
berne 7 maaie 1968
berteplak Stockholm ( Sweden )
etnisiteit Sweedsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 1993 ? 1995
offisjele webside
gjint

Kai Nobel ( Stockholm , 7 maaie 1968 ), is in restend Sweedsk pornografysk aktrise , dy't yn it begjin fan har karriere ek wol gebruk makke fan 'e artystenammen Sandy Peach en Kajsa-Lotta. Hja sette yn 1993 utein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn stikmannich films . Yn 1995 beeinige Nobel har karriere as pornoaktrise .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nobel waard yn 1968 berne yn 'e Sweedske haadsted Stockholm . Se makke yn 1993 , doe't se 25 jier wie, har debut yn in pornografyske film . Under har karriere as pornoaktrise spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn in stik as 11 films, dat hast allegearre produksjes wiene fan it Sweedske Private - label , hoewol't Euro-max 2: Cream 'n Eurosluts utbrocht waard troch de Amerikaanske studio Sin City .

De bekendste films fan Nobel wiene Money for Nothing, Sex for Free ; Forbidden Desires ; en Chateau de Passion , allegear fan Private . Dernjonken spile se ek yn trije ofleverings fan it Private Video Magazine . Nobel wurke gear mei manlike tsjinspilers lykas Frank Gun , Jean-Yves Lecastel , David Perry , Alberto Rey en Frank Versace . Yn 1995 loek se har ut 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kai Nobel is blank , mei blauwe eagen en read hier . Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei (alteast under har karriere as pornoaktrise ) in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings . Wol hat se in tatoeaazje fan in blom oan 'e lofterkant fan har skamstreek .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: