한국   대만   중국   일본 
Kader Abdolah - Wikipedy Springe nei ynhald

Kader Abdolah

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kader Abdola )
Kader Abdolah
skriuwer
Kader Abdolah (oktober 2008)
Kader Abdolah (oktober 2008)
persoanlike bysunderheden
echte namme Hossein Sadjadi Ghaemmaghami Farahani
nasjonaliteit Iraansk
flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 12 desimber 1954
etnisiteit Persysk
wurk
taal Nederlansk , Perzysk
sjenre Roman , koart ferhaal , autobiografy , kollumn
bekendste
  wurk(en)
Het Huis van de Moskee
utjouwer De Geus, Prometheus
prizen sjoch artikel
jierren aktyf 1980 ? no
offisjele webside
http://www.kaderabdolah.nl/

Kader Abdolah ( Perzysk : ???? ???????) is de skulnamme fan Hossein Sadjadi Ghaemmaghami Farahani (Perzysk: ???? ????? ?????????? ???????) ( Arak , 12 desimber 1954 ), in Iraansk - Nederlansk skriuwer . Hy hat him yn 1988 yn Nederlan festige. Het Huis van de Moskee is Abdolah syn bekendste en best ferkochte boek, en is utroppen ta de op ien nei beste Nederlanske roman ea.

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Abdolah waard berne yn Arak. Fan syn tolfde of ferdjippe er him yn de westerske literatuer , om't er skriuwer hope te wurden lykas syn alde pake syn heit Qhaem Megham Ferahni. Sadwaande krige er niget oan de westerske manier fan libjen dat noch sterker waard troch it stikem harkjen nei westerske radiostasjons en nei fersetsstjoerders.

Hy studearre natuerkunde oan de universiteit fan Teheran . Yn dy tiid sluet er him ek oan by in loftse partij dy't him fersette tsjin it bewald fan de sjah en letter tsjin dat fan de ayatollahs . Abdolah skreau foar in yllegaal bled en publisearre twa temuk ferskynde ferhalebondels under de namme Kader Abdolah, in skulnamme gearstald ut de nammen fan twa eksekutearre freonen: Kader en Abdolah.

Nei syn oplieding gie er oan it wurk as direkteur fan in emballaazjefabryk, en bleau er ek polityk warber. Yn 1985 moast er Iran untflechtsje. Derta utnuge troch de Feriene Naasjes kaam er as polityk flechteling nei Nederlan. Hy bedarre yn 1988 yn in asylsikerssintrum yn Apeldoorn en krige neifolgjend in hus yn Swol tawiisd. Der gie Abdolah oan 'e gong yn in natuerhistoarysk museum en yn in konservefabryk. Yn 2003 ferhuze er nei Delft . It Nederlansk learde er under oaren ut berneboekjes fan Annie M.G. Schmidt en fan Nederlansktalige poezij . Yn 1993 koe er al debutearje mei de ferhalebondel De adelaars , der't er fuortendaliks de debutantepriis Het Gouden Ezelsoor foar krige.

Yn 2006 waard Abdolah gastskriuwer oan de universiteit Leien . Yn dat ramt jout er wurkkolleezjes en lezingen.

Kader Abdolah hat in wyklikse kollumn yn de Volkskrant under it pseudonym Mirza . Mirza is yn it Perzysk 'kronykskriuwer' en it is tagelyk de namme fan syn ferstoarne heit. Syn wurk giet oer it libjen yn en tusken twa kultueren en oer it libjen yn de diaspora .

Abdolah skreau it boekewikepresint fan 2011 mei it tema 'curriculum vitae - geschreven portretten', in novelle mei de titel De kraai .

Utjouwerij De Geus wie jierrenlang de utjouwer fan it wurk fan Kader Abdolah, mar sunt 2014 wurde syn boeken utjun troch utjouwerij Prometheus .

Kader Abdolah en syn dochter Bahar Abdolah

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1993 - De adelaars (ferhalen)
  • 1995 - De meisjes en de partizanen ( ferhalen )
  • 1997 - De reis van de lege flessen ( roman )
  • 1998 - Mirza ( kollumns )
  • 2000 - Spijkerschrift ( autobiografy )
  • 2001 - De koffer (Oeriselsk boekewikepresint)
  • 2001 - Een tuin in zee (kollumns)
  • 2002 - Kelile en Demne (Perzyske ferhalen opnij ferteld)
  • 2002 - Sophia's droe vrugte (roman)
  • 2002 - De koning
  • 2003 - Portretten en een oude droom (roman)
  • 2003 - Karavaan (columns, 2003)
  • 2005 - Het huis van de moskee (roman)
  • 2008 - Een gouden handdruk voor Du Perron
  • 2008 - De Koran en De boodschapper (resp. 'in oersetting' en 'in fertelling')
  • 2009 - Dit mooie land (kollumns)
  • 2011 - De Koning (roman)
  • 2011 - De kraai (novelle, boekewikepresint)
  • 2012 - Zeesla en de lepels van Alice (ferhalen)
  • 2014 - Papegaai vloog over de IJssel (roman)
  • 2016 - Salam Europa (roman)
  • 2017 - Het Gordijn
  • 2018 - Het pad van de gele slippers
  • 2019 - Farao van de Vliet (roman)
  • 2020 - 1001 nacht, een hervertelling
  • 2021 - Op zoek naar Ramona (roman)

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Michiel van Kempen , 23 desimber 1978: Edgar Cairo ’s earste kollumn foar de Volkskrant; 23 jannewaris 1996: Kader Abdolahs earste kollumns foar de Volkskrant; De Nederlandse taal als onderdrukker en bevrijder , yn: Kunsten in beweging 1980-2000 ; Cultuur en migratie in Nederland , redaksje Rosemarie Buikema en Maaike Meijer, 2004, sd. 19?35, Sdu - De Haach

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. parseberjocht Ryksuniversiteit Grins .
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kader Abdolah fan Wikimedia Commons .