Kaapkoloanje (Nederlanske koloanje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kaapkoloanje )
Jan van Riebeeck komt oan op de kaap.
Utwreiding fan it gebiet yn 'e tiid fan de VOC.

De Kaapkoloanje wie in Nederlanske koloanje om Kaapsted yn it sudwesten fan it tsjintwurdige Sud-Afrika . Op 6 april 1652 stifte Jan van Riebeeck yn opdracht fan de VOC in ferfarskingstasjon om de reis nei Ynje makliker te meitsjen. Yn de rin fan de 17e iuw waakste de festiging troch emigraasje fan Nederlanners (benammen Siuwen en Hollanners) en letter ek mei Fransken, Dutsers en Ingelsen ta in echte koloanje.

Yn 1795 krigen de Britten de koloanje nei de Slach by Muizenberg yn 'e hannen. De Britten krigen net folle ferset en koene de koloanje maklik oernimme. By de Frede fan Amiens yn 1803 krige de Bataafske Republyk de Kaapkoloanje werom, mar yn 1806 wie it foargoed dien: nei de Slach by Blaauwberg kaam de koloanje definityf yn hannen fan it Britske Ryk . De koloanje bleau yn hannen fan de Britten oant de foarming fan de Uny fan Sud-Afrika yn 1910 ; doe waard it gebiet omneamd ta de Kaapprovinsje .

De Kaapkoloanje omfieme likernoch de helte fan it hjoeddeiske Sud-Afrika. Begjinnend by de Atlantyske Oseaan striek it gebiet him ut oant de Grutte Fiskrivier yn it easten. Yn it noarden wie it gebiet lange tiid beheind troch de Oranjerivier , mar letter waard ek in stik lan tusken de koloanje en Botswana by it gebiet helle.