한국   대만   중국   일본 
Jules de Goncourt - Wikipedy Springe nei ynhald

Jules de Goncourt

Ut Wikipedy
Jules de Goncourt

Jules Huot de Goncourt ( Parys , 17 desimber 1830 - dere, 20 juny 1870 ) wie in Fransk skriuwer, dy't yntensyf gearwurke mei syn broer Edmond . De famylje stamme ut Goncourt yn it departemint Haute-Marne . Harren heit wie ofsier yn it leger fan Napoleon . De bruorren besochten beide it Paryske lycee Condorcet.

De bruorren Edmond en Jules de Goncourt droegen by ta it naturalisme troch it bleatlizzen fan it unbekend-psychologyske efter harren personaazjes, hja makken seis romans yn kolloboraasje. Harren sin foar nuanse kaam fuort ut harren doetiidske berop as skilder-yllustrator. Ien fan harren boeken, Dagboek , waard utjun yn de biografyske boekerige Prive-Domein fan Utjouwerij De Arbeiderspers. Dat boek wiene de bruorren yn 1851 mei utein set, skriuwers as Sainte-Beuve , Gautier , Flaubert en Zola komme yn dat boek foarby. Yn Parys hiene de bruorren ek in soad kontakt mei de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev .

Jules de Goncourt waard, lykas syn broer, begroeven op de Cimetiere de Montmartre yn Parys.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

mei Edmond de Goncourt :

  • Sœur Philomene (1861)
  • Renee Mauperin (1864)
  • Germinie Lacerteux (1865)
  • Manette Salomon (1867)
  • Madame Gervaisais (1869)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]