Joop Boomsma
(
De Rottefalle
,
4 augustus
1945
?
Ljouwert
,
4 april
2018
) wie in
Frysk
skriuwer
, dy't benammen bekend waard fan syn
misdieromans
.
Joop Boomsma waard op
4 augustus
1945
yn
De Rottefalle
berne
as de aldste
soan
fan Wytske en Siebe Boomsma. Op syn fjirde ferhuzen syn
alden
mei him nei
Surhusterfean
. Nei de
legere skoalle
gie er nei de
Feanster
ULO
. Sawol op de ULO as letter op de
kweekskoalle
yn
Drachten
publisearre Boomsma syn
fersen
en
ferhalen
yn de
skoalkrante
. Ek skreau er yn dy tiid wolris wat foar de pleatslike
krante
,
De Feanster
.
Nei de kweekskoalle kaam Boomsma yn
1968
foar de klasse te stean. Earst op de legere skoalle yn
Gouderak
, letter oan de
mafu
yn
Gouda
. Yn
1975
kaam Boomsma werom nei Fryslan, der't er him nei wenjen sette yn
Menaam
. Hy joech les oan de
mafu Nijlan
yn
Ljouwert
oant er op
31 oktober
2006
ophold mei
wurkjen
.
As
skriuwer
waard Boomsma benammen bekend fan syn
misdieromans
(lykas
Ien foar de Wraak
) en
koarte ferhalen
fan itselde
sjenre
. Dernjonken levere er bydragen oan in grut ferskaat oan
tydskriften
en
kranten
, lykas
De Strikel
,
Trotwaer
,
Sonde
en
Alternatyf
. Fierders skreau er in fjouwertal
toanielstikken
foar de
jongerein
en publisearre er
yn eigen behear
twa
dichtbondels
.
Boomsma wie ek
redakteur
by
Operaesje Fers
en
foarsitter
fan it
Skriuwersboun
. Teffens fersoarge er ferskate jierren in
literere
rubryk
yn it
wykbled
Frysk en Frij
. Boomsma wie de earste Fryske skriuwer mei in
webloch
(Skriuwersdeiboek 2001). Op syn webside publisearre er ek geregeldwei nij wurk, sawol
proaza
as
poezy
. Yn
1970
,
1971
en
1973
waard oan wurken fan Boomsma de
Rely Jorritsmapriis
takend. Fan
1994
oant
1996
makke er fierders diel ut fan de sjuery fan de
Rely Jorritsmapriis
en earder, yn
1979
, hie er in sit yn de sjuery fan de
Gysbert Japicxpriis
.
Boomsma kaam op
4 april
2018
te
ferstjerren
yn 'e
alderdom
fan 72
jier
. Hy liet in
frou
en twa
bern
efter, en waard op
10 april
yn
Goutum
kremearre
.
- Frysk om utens
(
1969
)
- Multipleks
(
1970
)
- Ierlitte
(
1972
)
- Dunnik en oar proasa
(
1974
)
- Ien foar de wraak
- misdiedroman, (
1988
).
- Kwea jild
- misdiedroman, (
1989
).
- Picasso, leste wurk
- misdiedferhalen, (
1992
).
- In frou mei ljochtblauwe eagen
- misdiednovelle,
boekewikegeskink
, (
1994
).
- Yn reek ferflein
- misdiedroman, (
1998
).
- Skriuwersdeiboek 2001
- ynternetdeiboek, (
2002
).
- Om fan dit lan te halden
- briefwiksel, (
2006
).
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Fryske krimiskriuwer Joop Boomsma stoarn
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 9 april 2018, s. 24.
|